Boerinne

Ik hie graach boerinne wurde wollen, eins myn hiele libben al. Ha altyd gek west fan bisten en moaie pleatsen en wat dat oanbelanget wie it Bilt fansels in pracht fan in omjouwing. Mei alle romte en de moaiste pleatsen ha ik dêr in geweldige jeugd hân. Ik kom net út in boerefamylje, wy wennen yn in gewoan hûs. Wol hiene we bisten, mar dêr kaam ik meastentiids mei thús. We ha fan alles hân. Rotten, rinnende tûken, fûgels, kninen, kavia’s, hûnen, katten, mar noait in hynder. Dêr hiene we gjin romte foar.
Ik bin noch gek fan dy âlde pleatsen, mei bedsteemuorren en tegeltsjes. Dikke balken op it plafon, panieldoarren en estrikken op ‘e flier… kinst my net lokkiger meitsje. Dochs bin ik net mei in boer troud en ha ik ek net ferkearing mei ien hân. Der wie wol in boer dy’t my ris frege hat om ferkearing op in sneontejûn yn It Hof van Holland yn Berltsum. Hy wie hiel aardich, mar ik wie net fereale op him en ik fûn de pleats dêr’t er op wenne ek net moai, dat it is neat wurden. Uteinlik bin ’k troud mei in izerboer en hy hat gelokkich begryp foar myn boerewinsken sadat it by ús krekt in soarte fan minipleats is.
Ik ha mysels faak genôch ôffrege hoe’t dat dochs komt, sit it yn ‘e genen? Mar ik ha allinnich oantroude boeren yn ‘e famylje. Ik wie eartiids wolris jaloers op bern dy ’t al op in pleats wennen en in heit hiene mei in trekker. Sa slim is it net mear mar ik ha no ek in hynder. Dat komt wol sa no en dan yn ‘e famylje nei foarren, hyndergek wêze. Dat is ek net eat wat alle minsken hawwe en wat sa djip sit. Dat je libben net kompleet is sûnder hynder en je it leafste allinnich mar oer hynders prate.

Jelle hat altyd wat hân mei boaten en farren. Hy komt net út in skippersfamylje, mar as jonkje hie er al in âlde, lekke BM’er dy’t er tichtsmarde mei kowestront. En doe’t er letter op skoallereiske gong op in charterskip, wie er drekt ferkocht. Hy hat skoalle ôfmakke en is by dy skipper as maat opstapt. Om dy tiid hinne seach er ‘de Jonge Jan’ ek lizzen yn ‘e slûs en hy wie drekt fereale op it skûtsje. Doe hie er der al each foar hoe moai’t se boud wie en mei it diploma fan ‘e lânbouskoalle (omdat syn heit túnker wie) is er werfbaas wurden en jierren letter skipper op ‘de Jonge Jan’.
En sa hat ús jongste it mei moterkrossen. Dêr hawwe wy allebeide neat mei en dochs seurde er ús de kop gek fan lyts ôf oan. Doe hawwe we him úteinlik fan ellinde in proefles tasein as er njoggen waard, yn de hoop dat er der neat oan fine soe. Mar wat sei er mei in djippe sucht: ‘Eindelijk wurdt myn leven leuk!’

It is moai dat wat deryn sit, der ek útkomme kin. Wêr’t it ek weikomt, it fynt úteinlik syn paad wol. Wat ik ek sa nuver fyn, is dat ik toanielstikken skriuw. Want ik ha noait toanielspile, ha hielendal net in teaterachtergrûn mar op in dei betocht ik my dat ik dat wol woe en doe ha ’k in musical skreaun foar groep 5/6. Dêrnei ha ’k noch mear skreaun, dat allegear opfierd is en no skriuw ik ek op bestelling. Dan sit ik mei it bestjoer fan in toanielklub om ‘e tafel en freegje se my hoe’t ik derby kom om stikken te skriuwen mar dat wit ik eins sels net. Mei it idee dat sy hawwe en ik oanfolje, gean ik thús achter de kompjûter sitten en foardat ik it wit, rûgelet der wer in ienakter út. Hiel apart, mar ek hiel leuk! Ik hoopje dat sy dat ek fine…