Brekber

Sinne kin better mei hynders as minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy’t se al har hiele libben kin en letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har dan dat se him jaan kin.

As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr’t Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr’t se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp.

Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr’t se it nei har sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is derby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar de gefolgen. En dan komt se harsels goed tsjin.

BREKBER is alwer it fierde boek fan Hilda Talsma. Dizze kear nimt se de lêzer mei yn ‘e wrâld fan hynders, natural horsemanship, leafde, romantyk, Italië en de relaasjes tusken hynders en minsken steane sintraal. It is wer flot en meisleepjend skreaun, mei de humor en eroatyk dy’t we fan dizze skriuwster wend binne. In hearlik aventoer, ek foar de wat jongere lêzers.”

“Nei twa haadstikken hie ik efkes it idee dat ik yn in hynsteboek foar famkes telâne kommen wie. Mar doe’t ik it oan ’e kant skode tocht ik: ‘Dat kin ommers net.’
Hilda Talsma hat prachtige boeken skreaun en sil no dochs net in ferhaal foar famkes fertelle…?
Ik ha it boek wer pakt en nei it tredde haadstik siet ik der yn!
In ferhaal oer ferskate wrâlden. Hilda tipt allegear ûnderwerpen oan dy’t stik foar stik in yngong jouwe nei in ferfolchferhaal. Sa is der Sinne, in eigensinnich typke op it earste gesicht maar o sa belutsen. Sy hat in hiel dúdlik byld oer hoe’t se libje wol mar rint tsjin de generale opfettings oan dêr’t se fan yn ‘e war rekket. Har earlikheid tsjinoer harsels en oaren makket dat je neitinke oft je sels wol altyd sa earlik nei jesels en oaren binne. Hilda rekket yn it ferhaal ek de fisy oan oer hoe’t minsken mei bisten, yn dit gefal hynders, omgean. Mar se lit sjen dat se ferstân hat fan bisten troch nei te gean hoe’t ús gedrach oerkomt en wat wy dêrmei ferpeste kinne. Se pakt yn it ferhaal ek it tema autisme en handikaps op en hoe’t minsken dêrmei omgean. Ek de persoanen dy’t miskien sels wol autistysk binne en dêrmei wrakselje. Se lit sjen dat guon persoanen oars binne dan se lykje en feroarje kinne yn wa’t se wêze wolle. Hilda hat in talint om yn in hiele soad hollen en harten te stappen en fan dêrút har ferhaal te skriuwen wêrtroch it boek libbet. Se set dit del yn in omjouwing dêr’t je fuortendaliks hinne wolle op fakânsje.

Hilda hat mei BREKBER in boek skreaun wêrmei’t se in protte ferfolchferhalen skriuwe kin! Ik kaam indied yn in ‘famkes’- en hynsteferhaal telâne. Mar wat in moai boek! Ik fyn dat dit boek fertaald wurde moat yn it Nederlânsk omdat it in soad minsken reitsje kin en sûnder heechdravende psychologyske ferhannelings jesels toch oan it tinken set. Hoe geane wy om mei minsken dy’t ‘oars’ binne? Binne sy wol sa oars? Hoe gau be-en feroardiele wy oaren? En hoe maklik is it om ris better nei te tinken foardat wy earne wat fan fine en sizze?

“Ik ha it boek ‘Brekber’ fan Hilda, myn muoike, lêzen en foen it in hiel leuk boek!

Ik koe it goed begrype. Normaal lês ik altyd Nederlânske boeken, dus dit wie in aardige ûnderfining.

Ik bin sels ek hielendal gek fan hynders, dus dit boek spruts my ek hiel bot oan! Dit is it earste en ek Fryske boek fan my, dat ik fan Hilda lêzen ha. Om’t ik it sa’n leuk boek fûn, fûn ik it slim spitich doe’t it wer út wie. Ik bin no fansels ek fan plan de oare boeken te lêzen! Hilda har boeken binne dus ek super geskikt foar ûs leeftyd.”

Groetsjes Romy Bakker (15 jr.)