Wyn fan de winners

Wyn fan de winners is it lêste diel fan de Wyn-trilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn ‘e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no’t se mem is en mei de Onnie’s yn it fermidden witte je noait hoe’t de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op ‘e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen.