Wa is Henk de Vries?

Twa jier ferlyn krige ik tillefoan fan Henk. Hy hie in idee oer in jeugdboek en frege oft ik dêr wat mei koe. Ik wie drekt entûsjast en myn útjouwster, Jitske Kingma, ek. Sadwaande is Slangen ûnder it bêd ta stân kommen. It wie in prachtich projekt om tegearre te dwaan! Freed 23 juny wiene wy by Willem Wâldpyk yn ‘e studio, foar Henkin thúswedstryd omdat er ek by de omrop wurket.

Klik dizze link oan om it filmke te sjen.