Alde Leie

It nije wykein stiet wer foar de doar mar ôfrûne snein wie de ferteldei yn myn hometown Alde Leie. It ferline jier mocht ik dêr sitte as skriuwster/fertelster en no wie ik taskôger. Koe ’k moai de keunst fan oaren ôfsjen en efkes nei Alde Leie ta is altyd moai. It is mar in lyts doarpke en ik bin der berne. Ik ha der in geweldige jeugd hân en myn woartels lizze dêr. Ik hâld fan de omjouwing en de mentaliteit fan de minsken en foaral fan de humor.

Alde Leie hat eartiids in havenplakje oan ‘e Middelsee west. Letter wie it in plak dêr’t se it sodom en gomorra fan de trije gemeenten hinne brochten. It doarpke hie mear kroegen as tsjerken, de minsken wiene earm en it sil der betiden wol goed útnaaid ha. Dy genen ha ik dus. Dat ferklearret myn boeken, ik kin der neat oandwaan. Us heit en mem wenje der noch en oare famylje mar ik ha ek famylje yn Maastricht wenjen. Pake Kees út Alde Leie en beppe Nynke út Holwerd binne dêrhinne ferhuze omdat pake dêr by de plysje wurkje koe. Beppe libbet net mear, pake lokkich noch al.
Us oare pake en beppe wiene Jelle en Hiltje. Ik bin nei dy beppe ferneamd (en troud mei in Jelle). No wie it moaie fan de ferteldei dat Ids Willemsa der ek wie te fertellen, hy hat in hiel skoft yn Alde Leie wenne en wie de buorman fan pake Jelle en beppe Hil. Sokke leave minsken, o sa gâstfrij. Beppe har teeljochtsje baarnde altyd en pake hat him it spitten leard. Ids siet sa op ‘e praatstoel mar syn tiid wie om, dat ik moat noch marris nei him ta om in bakje sadat er my wat mear fertelle kin. Beppe Hil sei eartiids altyd tsjin myn suske en my: ‘Net ferdwale, leave blomkes.’ Dat fûn ik altyd sa dom. ‘Beppe,’ sei ik dan. ‘Hoe kinne je no ferdwale yn Alde Leie?’

Ik bin in Krottje fan it Bildt. Dat binne oer it algemien rêstige en nuchtere minsken. Se sille je net gau de earen fan ‘e kop eamelje. Guon binne hiel kreatyf, kinne skilderje en skriuwe. Fan de Geertsma’s ha ’k de leafde foar it bûtenlibben en de bisten en pake Jelle wie ek net in drokke man. Wol grut en hy koe goed keatse. Sels koe’k ek altyd wol aardich keatse en mear wol út ús famylje. Spitigernôch wurdt der yn Warten net keatst. Ik ha it mei de bern besocht yn Wergea, mar it siet der net yn. Dat binne silers, Talsma’s dus.

En sa skarrelje we troch de tiid mei elkoar. Krije ús bern letter wer bern, wurde wy (hooplik) pake en beppe, miskien noch oerpake en beppe oant se ús net mear heuge kinne en nei Tresoar moatte om wat te witten te kommen. Of nei de ferteldei yn Alde Leie gean. En wat no sa moai is, Alde Leie hat in eigen liet krigen. Hoe, wat en wêrom? Dat komt fannemiddei yn ‘e útstjoering by Noardewyn live.

YouTube-filmke Alde Leie
YouTube-filmke Noardewyn live