Azra

Foto's Ipad Hilda

Ik ha myn hiele libben al gek west mei bisten en wy hawwe altyd hunen hân. As bern al en doe’t wy yn Warten kamen te wenjen krigen wy in stabij, Bouke. In hiele leave hûn dêr’t ik alris in blog oer skreaun ha.

Mar ik woe ek sa graach nochris in Leonberger ha en doe’t ik by hiele aardige minsken om in knyn kaam, die bliken dat sy in Leonberger hiene dêr’t se mei fokke woene. Sadwaande is Azra yn ús libben kommen. In skattige pup, it wie krekt in bearke en se hat in hiele goede opfieding krigen fan Bouke. Hy lústere goed, dus Azra ek. Mar Bouke skoaide noait en Azra wol. Se wie gek op appels en siet altyd op it klokhús te wachtsjen.

Se waard grutter en grutter en it leafste lei se by dy op ‘e skoat of langút op de bank. It wie in skât fan in hûn, leaf foar de bern mar ek foar de oare bisten. Sa hawwe wy ris twa lytse poeskes yn ‘e berm fûn dêr’t se hiel goed op past hat. Us wouterke Bessie miende dat Azra har mem wie en lei altyd stiif tsjin har oan. We hawwe troch de jierren hinne ek ferskate lytse pykjes grutbrocht mar se hat noait myn fertrouwen beskamme.

Sûnt in jier hie se in groanyske ûntstekking oan har poat en de bistedokter hat doe twa teannen amputearje moatten. Se knapte wol wat op mar sadree’t we opholden mei de medisinen, krige se it wer. We hawwe fanalles besocht mar it waard allinnich mar minder en de lêste wiken gong se hiel hurd achterút. Dan komt der in momint dat je in dreech beslút nimme moatte. En se wie al 11 jier, foar sa’n grutte hûn in hiele âldens. We hawwe har thús ynsliepe litten. Se lei op har eigen kleed en ik siet neist har.

Ik mis har mar ik bin foaral tankber dat se salang by ús west hat! Azra wie mear as in hûn. Se wie ien en al leafde en ús grutte freondinne.