Bêst genôch

It libben is eins in oanienskeakeling fan dingen dêr’t je altyd je bêst foar dwaan moatte. Alle dagen, altyd mar wer, oant je net mear kinne en dea gean. En om my hinne dogge sa te sjen alle minsken har bêst. Se drave hurd, se waskje de auto, sitte yn bestjoeren, wurkje, helpe op skoalle, hawwe hippe kapsels en we treffe elkoar alle sneonen op it fuotbalfjild, yn ’e winkel as op ‘e dyk. Altyd ûnderweis om ús bêst te dwaan. Foar in oar, foar de baas, foar de bern en as je tiid oer ha foar jesels. Dan kinne je noch krekt in oerke sporte, in pear siden lêze of yn ‘e tún oan ‘e gong. No skeelt it dat it waar better wurdt. Mei it sintsje derby libbet it in stik nofliker en krij ik yn alle gefallen mear enerzjy.
It liket my sa ta dat der neat mis mei is om je bêst te dwaan. Sa no en dan kinne je de boel wolris de boel litte, mar leaver net te lang of te faak want oars rinne je wer achter de muzyk oan.
Soe dat no it doel wêze fan it libben? Der binne minsken dy’t sizze dat it libben op ierde in les is dêr’t je fan leare kinne sadat je yn in folgjend libben wer in stapke heger komme. As je sa tinke, leauwe je yn reynkarnaasje en dêr leau ik ek yn. Ik tink dat as we dea gean, dêr hinne gean dêr’t alles ûntstiet, dat ik bin der net bang foar. Mar op dit momint libje ik op ierde en moat ik no de goede dingen dwaan sadat ik aanst net alle tekoartkommingen foar de fuotten krij as ik dea bin en my ferantwurdzje moat. Soe it sa wurkje? Ik soe it net witte.
Ik leau ek yn ingels. Dat is moai en en jout my in rêstich gefoel. Ik bin net grutbrocht mei de bibel, ik ha der totaal gjin doel oer, mar fiel wol dat der wat is. Mar wat dat is, wit ik ek net presies.

We wurkje, leare, sporte, ite, passe op ús bern, besykje de relaasjes goed te hâlden, hawwe leaf, binne sosjaal (of net), meitsje rûzje, neam mar op. We moatte safolle, we dogge safolle, we wolle safolle mar as it ein yn sicht komt en je lizze op je stjerbêd, soene je dan tinke oan it gers dat altyd sa netsjes meand wie, of oan it jild wat je fertsjinne ha, of oan je strakke, platte búk, of oan it oantal doelpunten dat je skoard ha?
Neffens my giet it dan om de relaasjes dy’t je hân hawwe yn dat libben en of je sels goed west ha foar oaren. Der binne ek minsken dy wippe samar om fan it iene op it oare momint. Dy ha net iens tiid om nei te tinken. Gewoan, boem, dea. Dat is op sich ek wol moai. Gjin sykte, gjin drokte, gjin gedoch, krekt as binne je efkes in blokje om.
Ik soe it wol witte wolle. Dan kin ik my dêr op tariede en myn bêst derfoar dwaan dat ik lokkich gean en wer as in (noch) better minske werom kom. As ik werom kom. Want as it dêr gesellich is en altyd moai waar, dan wit ik it noch net.