Boer zoekt vrouw

Sneintejûn ha ’k it foar it earst wer sjoen omdat ik der tafallich oan tocht en neat oars te dwaan hie … Boer zoekt vrouw. En ik wie drekt wer om, sa leuk fûn ik it. En eins fyn ik dat wer wat dom fan mysels want úteinlik is it mar in nuver saakje, al dy froulju om ien sa’n boer. Moat sa’n man út al dy brieven in kar meitsje, dan siket er dochs ek wol de kreasten út, tink ik. En as se dan speeddate moatte, knuffelje dy froulju mei elkoar en is eltsenien sa sosjaal, ik begryp soks net. As je no sa’n keardel wolle, dan wolle je dochs dy oaren de tinte wol út sjen? Opsokkebolje, hy is fan my!

Wat my ek sa fernuverje kin, is dat guon froulju al drekt it gefoel hawwe as is it him. Ien kear sjoen op ‘e tillevyzje en BAM! En dat se dan letter in wike by him yn ‘e hûs binne, freeslik liket my dat. Foaral as je sa’n boer echt leuk fine en hoopje dat er dy kiest en dan rinne der noch in pear fan dy troela’s om dy’t him ek ha wolle. Of stel dat er dy leuk fynt, mar do him eins net. En hy kiest dy. Mar dochst al mei oan it programma en kinst min ‘nee’ sizze. Dan moatst ek noch mei him op reis.
Ik kin in hiel soad dingen betinken wêrom’t it eins net leuk is. Mar wat it altyd wer wint fan dy tinzen is dat it op in bepaalde manier wol realitysk is. Ik hâld fan it libben op it plattelân en fyn de rêst fan it programma en de bylden fan de natoer noflik. En ik fyn it moai dat de boeren meastal sa echt binne. Nuchtere mannen dy’t faak hielendal gjin ûnderfining en ferstân fan froulju hawwe en dan kinne se ynienen in wike mei in stik as wat libje. De froulju binne ek gjin aktrises en dat makket dat de emoasjes meastal echt oerkomme. Betiden is it sa skattich en oandwaanlik of krekt net. Dan sitte je mei kromme teannen en krije je plakferfangende skamte. En dan dy stiltes dy’t soms falle!

Snein wie der in boer dy’t fûgelhúskes makke hie foar de froulju dy’t er útsocht hie. Noch noait in date hân en dochs wie er sa leuk. Strieljende eagen, fleurige kop en alle froulju dy’t der wiene, pakte er yn. En ik libje dan mei. Sjoch al goede kombinaasjes foar my. Rop foar de tillevyzje dat se immen net kieze moatte en as it dan echt klikt dan kin ik dêr sa fan genietsje. No moatte de froulju dizze kear ek noch nei it bûtenlân, dat sil wat wurde. En der is ek wer in boerinne by, sy hie my dochs in pear pipo’s útsocht!

Sjoen de relaasjes dy’t ûntsteane troch it programma en de poppes dy’t dêrtroch al berne binne, kinne je wol sizze dat it in súkses is. En net allinnich hjir, oeral dêr’t se it útstjoere. Ik fyn it al frjemd dat in boer dy’t noch noait wat hân hat mei in frou soks doart. It liket my in hiel avontoer mar it leuke is dat wy op sneintejûns wer meilibje kinne.