Bouke

bouke
Ik wit net hoe’t it kin, mar de lêste tiid tink ik wol gau ris oan Bouke, ús stabyhûn dy’t we 13 jier hân ha. Ik wie heechswanger fan de earste doe’t we him krigen en it wie in geweldich leave hûn. De earste jierren wie er net te hâlden. We hiene in grut stek om ‘e tún, mar dêr sweefde er mei gemak oerhinne om earne yn it lân te bedarjen. Achter de hazzen oan, dwers troch alle dreksleatten hinne oant de boer my belle en ik him wer ophelje koe. Of yn ‘e jachthaven by de boaten lâns, sjen oft er noch earne wat lekkers by elkoar skoaie koe. Hy wie it leafst op ‘e kletter, mar doe rûnen der mear bijkes om en de measte ynwenners fan Warten koene him wol. Hy is sadwaande ek wol thúsbrocht.
Meidat Bouke âlder waard, waard er ek wat rêstiger. It stek waard him te heech, mar thús hie er it ek moai mei al dy lytse bern. Sy hiene wolris in stikje bôle of in koekje en hy skarrele der krekt salang achteroan oant er it gau snippe koe. Ik wit noch doe’t ik swanger wie fan de tredde en allang útrekkene wie. It wie sa waarm en ik hie skjin myn nocht. It like derop dat ik wer nei it sikehûs moast om ynlaat te wurden, mar op in dei foel it my op dat Bouke net by my wei te slaan wie, hy rûn my de hiele dei foar de fuotten. Ik sei tsjin Jelle dat it wolris net lang mear duorje koe, dat fernaam ik oan dy hûn, net oan mysels. It wie ek noch sa. It waard de earste thúsbefalling en doe’t ik de earste fleach krige, leunde ik op it oanrjocht en Bouke siet neist my.
De bern waarden âlder en Bouke ek. Hy waard stram en stiif en koe net mear alle dagen mei it blok om. Azra, de Leonberger, hiene we derby krigen en sy hat in goede opfieding fan Bouke hân. Letter kaam Benji der ek noch by, dat doe wiene se mei har trijen. Bouke waard echt in âlde hûn. Hy begûn te stjonken, waard meagerder en op in dei rûn er yn ‘e keamer om as wie er dronken. Syn eagen skeaten hinne en wer en hy pisse yn ‘e hûs. Foute boel, dat hurd nei de bistedokter. It wie it soarte fan harsensynfarkt, mar hy knapte nei in pear dagen lokkich wer op. Doe’t de eagen him wer stil stiene yn ‘e kop, wie er der wer. Letter krige er noch ien, in lytsere, mar dêrnei wie it krekt as waard er wat demint, hy begûn te skoaien en rûn my de hiele dei foar de fuotten. As ik siet te skriuwen, lei er by my. As ik op ‘e bank siet, lei er op myn skoat en as we te rinnen wiene en it waaide te hurd, dan waaide er yn ‘e sleat. Sa is er thús ek ris tusken wâl en skip rekke en lokkich kaam ik dêr op ‘e tiid achter. Dochs wie er goed fleurich, hy woe likegoed noch wolris boartsje mei de bal en hy iet ek goed.

En doe op in nacht waard ik wekker. Ik miende dat ik him blaffen hearde en skeat oerein. It wie sa’n lûde en dúdlike blaf, mar ik tocht dat ik dreamde. Hy koe amper mear blaffe en al hielendal net sa lûd dat ik it hearre koe. En hy mankearde neat, hie jûns noch lekker iten, dat ik foel wer yn ‘e sliep. Efkes letter waarden we beide wekker omdat Benji sa blafte en hy hold noait wer op. Jelle gong derôf en kaam al gau wer boppe. It gong net goed mei Bouke, hy lei foar de achterdoar dat ik gong der hurd hinne. It wie my drekt wol dúdlik, hy lei op stjerren. Ik ha him foarsichtich optild en bin mei him op ‘e bank lizzen gien, mar dêr waard er ûnrêstich fan. Doe ha ’k him nei de koer tild en dêr ha ’k krekt salang by him op ‘e grûn sitten oant er rêstich ynsliepte. It wie moarns fiif oere en de hoanne kraaide. Ik ha him dy deis kremearje litten en doe’t ik letter de pot mei jiske helle hie, sei ien fan ‘e bern: ‘Kinst wol sjen dat it Bouke is.’ ( De jiske wie ek swart-wyt).
Ik soe him útstroaie, mar hy stiet der noch. Op ‘e skou, yn ‘e keuken. Letter ha ’k noch in moai tableau skildere en dy hinget yn ‘e keamer. Sa is er dochs noch in bytsje by ús.