De oergong

Ik lies in stik oer de oergong en dêr waard ik net bliid fan. Ik fiel my hielendal net âld, ik bin noch mar 42 jier mar dy ferrekte oergong komt faak tusken de 46 en 56… oh oh! En de list mei klachten is net mislik:
Opfleaners, emosjoneel, droege en slappere hûd, tinner en slapper hier, mear hier op fuotten, boppelip en kin, kilo’s derby, dikke búk, slappere boarsten, droege eagen, heger wurdende bloeddruk, min sliepe, botûntkalking…
No skynt de iene oergong de oare net te wêzen. As je tinke om je iten en goed bewegen bliuwe dan kin dat helpe. En net ien minske is gelyk, dat sil mei de oergong ek wol sa wêze. Dochs bekrûpt my it gefoel dat it net earlik is.
Yn ‘e pubertyd wurde famkes al ûngesteld, dat betsjut jierrenlang alle moannen in hormoanale dip. As we swanger reitsje, dan wurdt it hielendal in achtbaan, in bern krije is ek net echt in hiel noflik gefoel en dêrnei hawwe de hormoanen je ek wer yn ‘e tange.
Der wurdt wol sein dat de oergong de fase is dat je net mear foar oaren libje en neffens de ferwachting fan oare minsken. It giet mear om jesels en je leafdeslibben kinne je transformearje en spiritueel meitsje… Dat is allegear prachtich en it sil ek allegear wol earne goed foar wêze mar ik fyn net dat ik dat fertsjinne ha nei al dy jierren.

It soe in perioade wêze moatte dat je yn plak fan mear hier, gjin hier mear krigen op guon plakken. Noait mear skeare, harse of epilearje! En wat soe it moai wêze as je boarsten wer opfearje soene nei al dy swangerskippen en moannen fan boarstfieding. Ik ha al sa myn bêst dien, dat moat dochs beleanne wurde? En it is moai sein dat je je leafdeslibben tranfoarmearje kinne nei in spiritueel nivo, mar je sille mar krekt in man ha dy’t dan yn ‘e midlifekrisis komt en hiele oare ferletten krijt. Dat lêze je wolris. Binne de bern einlings de doar út, hawwe je mear tiid foar jesels en de relaasje (op spiritueel nivo) en dan ha je in man dy’t je de hiele dei oan ‘e kont sit. Dan soargje dy kloatehormoanen der dochs noch foar dat alles oer de kop helle wurdt!
En it minne sliepen hawwe we ek jierrenlang hân mei lytse bern, en letter omdat je lizze te wachtsjen oant se thúskomme, dat lit my alsjebleaft de rêst fan myn libben as in roaske sliepe! Myn búk hat noch altyd de memmerol, dy hoecht echt net dikker te wurden. Wêrom wurdt dy net fansels strakker yn ‘e oergong?
Wa hat dit allegear betocht, freegje ik my dan ôf. Grif in man en dy sil wol tocht ha:
‘Doch my dat testosteron mar, dan fiel ik my in hiele bink.’
Hoe dan ek, hiele generaasjes froulju ha it trochstien dat it sil ek wol net oan my foarby gean. Ik sil my der geastlik op tariede en as it dan safier is, dan bin ’k der klear foar….