Doarp

Myn boeken geane oer it doarpke Frisum. In leaflik doarpke mei in tsjerke, in state, in kroech en ferskate aparte ynwenners. Dat fyn ik moai oan in doarp, de minsken en de sfear. Doch mar gewoan en op ‘e tiid gek genôch. De nijste tas is net wichtich en as je no al as net je hier kamd ha, it sil in oar in byt wêze.
It libben op in doarp is noch relatyf ienfâldich en gemoedlik. De sosjale kontrôle is grut, en in doarp leit eins altyd op it plattelân, dat je meitsje de seizoenen mei. Ik hâld fan de rook fan meand gers, jarre en it foarjier en ik fyn it moai dat de bern sa ek yn oanrekking komme mei de natoer, se witte net better. De bisten yn it lân, de fûgels yn ‘e beammen, kikkerts yn ‘e sleat, molke komt fan ’e ko en it lamke út in skiep.
Sadra’t it foarjier wurdt, spane de bern allegear wer bûten om. Fierljeppe, aaisykje, fiskje, knikkerje, fuotbalje, skelterride, skeelerje, hutten bouwe, farre, se fine fan alles út en binne allinnich thús mei it jûnsiten om dêrnei wer gau nei bûten te gean mei sûne reade wangen as gefolch.
Simmers hawwe wy it swimbad foar de doar en as it echt hiel moai waar is, dobberje se fan moarns betiid oant jûns let yn it wetter om. Us doarp, Warten, leit ek tichtby it prachtige natoergebiet De Alde Feanen. Dêr bist samar en it is foar de bern ek in aventoer om dêr om te farren yn al dy lytse sleatsjes. De toarnbeien en appels groeie yn it wyld en bist yn in hiele oare wrâld.

It iennichste neidiel fan Warten en omjouwing, fyn ik it bûtengebiet. Boarnsterhim is net in gemeente mei in lânskipsfisy, neffens my. Dêrst bygelyks op it Bilt en yn ‘e Wâlden prachtige paden en dykjes hast om te rinnen, te fytsen of te hynderriden, kinst hjir net in kant op. Ast mei it pontsje de Krúswetters oergiest, dan fiel ik dat gemis echt. Fytspaden lâns it wetter en troch it lân, mar wy moatte altyd oer de grutte dyk as we wat wolle, en wat der is sprekt net ta myn ferbylding. Wat dat oangiet, is de pont al in boppeslach.
Soms komme je op plakken en dêr is it sa moai, dan kinst it ferline hast noch fiele, bygelyks yn ‘e buert fan Oentsjerk en sa. Dêr ha ’k myn koetsiersbewiis helle en wat koest dêr prachtich fuort mei de hynders! Mei in fjouwerspan Friezen yn galop oer in sânpaad of troch de bosken, hearlik wie dat. En Gaasterlân is ek sa moai, dêr kinst ek alle kanten út.
Miskien feroaret der wat no’t we by Ljouwert komme en jouwe se wat mear omtinken oan ús bûtengebiet. Der wurdt al praten oer fytspaden, mar der is oan no ta noch neat fan op ‘e hispel kommen. Wy binne hjir sels hinne gien en earlik sein hie dat doe net myn prioriteit. Dat kaam krekt doe’t ús hûn wat âlder waard en de blokjes om wat grutter koene en ik der achter kaam dat dy der eins net wiene. No ja, ien, en dat rin ik al hast tweintich jier alle dagen om. Ik ha ek noait in soad rûn mei de bernewein, want ik wist noait wêrhinne. In rûntsje troch it doarp is samar makke, mar ik wol derút! De paden op en de lanen yn!