Drave

Ien fan ús jonges siet ris mei heit yn ‘e auto en hy sei ûnderweis: ‘Heit, dy froulju ha seker net in soad te dwaan.’
‘Hoesa, jonge?’
‘No, se rinne altyd.’

Ik moast der wol om gnize doe ‘k it hearde. Froulju rinne yndied in protte, je komme se oeral tsjin. Mar ik fyn it ek hearlik om te dwaan. Hurddrave doch ik net. Ik ha minne knibbels en sit leech yn myn izer en ferritine. Dat is in erflike kwaal en ik rêd my der wol mei mar it is net geskikt om je dan bot yn te spannen. Eartiids draafde ik wol en ik fuotballe mar dan hie ik altyd slim pine holle nei de tiid.

Alle minsken hawwe harren eigen manier fan rinnen. As ik in blok omgean mei de hunen dan werken ik faak yn ‘e fierte de persoanen al dy’t my temjitte komme oan it loopke dat se hawwe. Dat is mei it hurddraven ek sa, mar wat my dêr by opfalt is dat ús soarte fan minsken meastal net echt moai drave kin. Donkere minsken wol. Dy drave sierlik en atletysk. By blanke froulju liket it gauris oft se der noch in stikje yn ha (ha ’k net sels betocht, mar doe’t ik it hearde begriep ik it drekt) en fan in soad manlju soene je betiden swarre dat se der elts momint by del donderje kinne. Mei it swit op it gebit ploegje se oer it fytspaad as in oaljefant troch de woestyn.

Nimt net wei dat ik der bot respekt foar ha, ik woe dat ik it koe en it skynt echt ferslavend te wêzen. Dat draaf allegear mar fleurich fierder, dan gean ik noch in blok om mei de hunen. En as ik al drave soe, dan hie it ek gjin gesicht west. Ik draaf wolris om ‘e tún mei de hynders achter my oan mar dat sjocht lokkich net ien. Wat wol barre kin, is dat jimme my nochris draven sjogge op Mindert, in swarte Fries. Dy binne ek sierlik en atletysk en dan liket it teminsten noch wat.

fries paard