Echte mannen

De manlju yn ús húshâlding hawwe eat mei boaten. De froulju ek wol, as we earne in plakje hawwe dêr’t we yn ‘e sinne lizze kinne, mar it swiere wurk fine wy fierder wol prima. Omdat wy oan it wetter wenje en skipswerven hawwe, komme wy reedlik om yn ‘e boaten. Mar eltse boat is sa moai, sa bysûnder en sa spesjaal … dy kinne je net samar ferkeapje.

No woe de Teunis ek in boat ha, hielendal foar himsels. Ferline wike hat er ien kocht, fan syn eigen jild. Hy hat ûnnerhannele en goede saken dien, dat wy hawwe der in boat by. Mar ik moat sizze, hy hat der drok mei oan it wurk west en help krigen fan in maat dy’t al wat âlder en wizer is. Ik moat der aanst in fette tekening opsette as de boat ferve is en leaver juster as hjoed. It sil wol goedkomme en hy leart der in soad fan, benammen oer jild. Op skoalle hat er wolris muoite mei it rekkenjen mar no docht er oars net as rekkenje en dan is in potsje ferve bêst wol djoer en it jild samar op.

Hylke hat in âlde skou opknapt mar dêr moatte noch banken yn en in radio mei boksen èn we hiene noch in âld sylboatsje, dat soe ek it wetter yn. Dus hawwe de jonges juster dy boat yn it wetter goaid, mar it duorre net lang of it skip wie sonken. Heit belje, fansels. Mar dy wie der net omdat er ûnderweis wie mei Fonger op it skûtsje fan Rotterdam nei Fryslân en hy hie sein: ‘Jimme moatte jimme der mar mei rêde.’

En dat hawwe se dien! Ik hie justerjûn tolwe jonges op it hiem. De opsichter, Hilbrand (lêste foto), hie twa hysbannen fan thús meinommen en lokkich hawwe wy op ‘e wâl in hysmêst stean. It dúkteam soarge derfoar dat dy bannen ûnder de boat trochkamen en alles te plak bleau. Mar it foel net ta om him omheech te krijen, de boat siet fol wetter en it waard hieltyd swierder foar de lieremannen. Ik stelde foar om in sterke man te beljen mar dat wie net nedich.

Ik stie der by omdat ik it dochs wol yn ‘e gaten hâlde woe en op myn manier mear gefaar seach as dy bern sels. Ik ha letter nochris frege oft ik immen belje moast om te helpen doe’t it efkes tsjinsiet mar se skodhollen wer. Doe ha ’k se mar gewurde litten. Sa te sjen hiene se it wol aardich yn ‘e macht. Se wiene rêstich, tochten nei, oerleine, holpen elkoar en úteinlik hawwe se de boat op ‘e karre krigen. Der sieten sels noch in pear fiskjes yn en it die bliken dat de stop derút wie.

Hoe’t dat kin, bliuwt wierskynlik in riedsel mar dat dizze jonges op wei binne om echte mannen te wurden, stiet as in boat boppe wetter!

spanker 1 spanker 3

spanker 4 spanker 5

spanker 6 spanker 7

spanker 8 spanker 9

spanker 11 spanker 12