El Snorro

snorro krantejutta en snorro
Ofrûne simmer kamen de bern mei in jonge kat oansetten dy’t se fûn hiene op it sportfjild. It wie in readwiten en hy seach der suterich út. Rûpsk, meager, smoarge eagen en in snotnoas.

“Mem, meie we him hâlde?”

Sucht! We hiene al trije katten, ek allegear opfangkatten. Ien fan ‘e dea rêden en de oare beide ek fûn en grutbrocht. Dus leaver net. Mar dy kat wie fansels fan gjinien, net ien woe him ha en de asyls sieten bomfol mei jonge katten. Ik siet ik mei him op ‘e grûn sadat er yn ‘e kunde komme koe mei de oare bisten. Fjouwer hûnen en de oare katten. Allegear oerstjoer fansels om dizze nijeling en it katsje wie sa rêstich as wat. We diene him yn in grutte koai mei iten en in kattebakje en hy wie drekt skjin. Jûns efkes foar heal jild (omdat we hin fûn hiene) by de bistedokter west foar in wjirmpil en eat tsjin de ferkâldenheid en hy krige de namme ‘Snorro’.

Snorro is hjir dus noch. Hy hat ús allegear ynpakt en de oare bisten ha him ek gau akseptearre. It is noch in jonge kat en betiden sa gek as in sint. Hy narret de âlde katten, boartet mei de hûnen, is net bang fan de hynders en de hinnen lit er mei rêst. Hy paradearret hjir om as is er de bink, sit oeral mei de noas boppe op, kin de hiele dei wol ite en is altyd op ûndersyk út. Der sit sa’n power yn dat bist, mar hy kin him ek noflik deljaan. It is net in kat foar op skurte, mar as er wat fan dy wol, kin er o sa flaaie en by dy delkrûpe. Hy fisket de bôlekoarsten út ‘e panne en de lêste tiid siet er wol gauris op it oanrjocht. Doe ha ’k him in wâld jûn en dat is er noch net ferjitten. Hy hat ek al leard dat er ite mei as ik it sis en wannear’t er stout west hat, stjoer ik him fuort. Dat dogge de oare katten ek as er harren narret en dat kin hurd om hurd gean. Blaze en klauwe mei dikke sturten om dêrnei wer gemoedlik foar de kachel del te ploffen.

Gewoan in readwite kat … Hoe bysûnder kin sa’n bist no wêze. Hiel bysûnder, dus. Dat betocht ik my justerjûn wer doe’t er as in tiger langút op ‘e flier lei mei de eagen heal ticht. Hoe is it no dochs mooglik, sa’n bistke mei sa’n útsprutsen karakter. Hy strúnt de hiele dei achter my oan. As ik nei bûten gean, docht hy dat ek. Bin ik by de hynders dan boartet er yn it hea. Rin ik nei de brievebus, dan giet er mei en as ik de krante lêze wol, leit er der boppe op. De bern binne sljocht op him dat ik tink dat er it mei ús ek troffen hat. El Snorro mei bliuwe.