Fan

Yn it ferline binne wy ris útnoege om yn in show fan Ivo Niehe te kommen foar de KNRM. Wy hiene doe in skûtsje dat by Hylpen omslein wie (gelokkich wie ik net mei dy dei) en in rêdingsboat hie it skûtsje oerein lutsen. Sadwaande fregen se Jelle omdat it in programma wie om jild op te heljen foar de KNRM. It wie in fertoaning! Ivo kaam in pear kear op en rûn sjegrinich wer fuort omdat we net hurd genôch klapten. Der stie sa’n sjappy foar ús om de boel wat op te naaien en nei de tredde kear wie it goed. Se diene krekt as wie it live opnommen mar dat wie dus hielendal net sa.

Twa jier lyn ha ik by De wereld draait door west. Us mem woe beslist op moandeitejûn omdat Jan Mulder der dan sit en dy fynt se sa leuk. We hawwe skoften op ‘e wachtlist stien en we koene gelokkich op in moandei. We sieten boppe dat wy kamen net op ‘e tillevyzje, mar dat makke neat út. Ik fûn Mathijs hiel aardich en Jan Mulder ek. It wie echt moai om ris mei te meitsjen. Dêrnei koene we noch nei Pauw en Witteman en dat wie ek prachtich. Alles goed foar elkoar en sy wiene ek hiel leuk. Ik tocht der wer oan omdat ik tafallich lêst efkes foar DWDD siet. Der wie in nije boyband yn ‘e studio mei fans en allegear fan dy jonge famkes te razen, hielendal oerémis fan in stel pubers. Ik leau net dat ik soks ea hân ha. Der binne bygelyks ek in hiele soad froulju gek fan dy Mathijs, mar ik fûn him fierste meager. Eartiids wie ik al slim fan fan Doe Maar, mar ik ha se noait sjoen.

Ik ha ek fan west fan Robbie Williams en ik ha him al sjoen. Yn it Amstel Hotel. Dêr hiene we iten (wie net te fretten) en doe’t ik letter yn ‘e hal op in bankje ûnder de trep siet, kaam er deryn nei in konsert dat er jûn hie. Hy hie in trainingspak oan fan Adidas, in handoek om ’e nekke en rûn nochal breed. Der rûnen ek aardich wat minsken om him hinne. Dat is dus hiel grappich, omdat bûten allegear froulju stiene om in glimp fan him op te fangen en ik siet gewoan in pear meter fan him ôf! Ik seach him fansels wol, mar wist eins net goed wat ik dwaan moast. Dat ik knikte mar nei him. Hy rûn my foarby, seach my oan, knikte, rûn fierder en draaide him nochris om. Yes! Fierder gjin nijs.

Ik koe doe letter ek noch mei immen mei nei syn konsert. Hy hie in kaart oer, dat wy derhinne. Oeren bûten yn ‘e rige stien. It wie bloedhyt, mar we stiene al moai yn it earste fak. It wie it minste konsert dat ik ea sjoen ha. Hy song falsk, gedroech him as in idioat, it wie my fierste drok en doe wie ik dochs wol reedlik fan-ôf. It wie leuk om it allegear ris mei te meitsjen, mar om Robbie hie ’k better thús bliuwe kinnen want hy hat net in sint mear oan my fertsjinne.