Fatsoen

downton_abbey_by_luthienmuse-d57586u beshine

Ik fyn Downton Abbey moai en dan meinammen de rêst dy’t der fan útgiet. Dat sil wol te meitsjen hawwe mei de tiid dêr’t soks him yn ôfspilet. Ik sil net sizze dat it doe better wie mar rêstiger wie it grif al. Utsein de húslike sitewaasje mei al dat persoaniel dat omspaande yn sa’n hûs, mar it soe ek hiel saai en leech wêze sûnder al dy minsken.

As je út in foarname famylje kamen as famke, moasten je de tiid slite mei teeleute, lêze, borduere, eamelje en de fraach fan ‘e dei wie mei wa’t je trouwe moasten. En dat wie net altyd út leafde. Alles draaide ek om etikette. Hoe’t de tafel klearmakke waard, omklaaie om elts wissewassje, hokker leppel by hokker gerjocht, hoflik en galant wêze mar ûndertusken wiene it fansels ek mar minsken mei ferlangens en frustraasjes. Seks foar it houlik wie in skande en prate oer seks wie not done. En kamen je net út in goede klasse, dan wie it dreech om hegerop te kommen yn it libben.

Neidat ik wer in ôflevering sjoen hie, woene de bern tillevyzje sjen en doe kamen wy út yn ‘e no-tiid mei Zon, zee en zuipen. Dat gong ek oer Ingelske froulju. Wat ik net begryp as ik soks sjoch, is dat we no yn in tiid libje dêr’t alles mooglik is en it dan sa raar gean moat. As frou binne je hjoed de dei, yn de measte gefallen en de Westerske maatskippij, lykweardich oan de manlju en elkoar. Je kinne studearje, wurkje, stimme, troch it glêzen plafon brekke en alles leit iepen en bleat op ‘e strjitte … mar guon nimme dat wol hiel letterlik.

Se hawwe amper klean oan en sûpe safolle dat se op ‘e dyk lizze te koarjen. Se naaie mei Jan en alleman, flokke en raze. De lju dy’t eartiids opkommen binne foar de rjochten fan de frou soene harren neffens my omdraaie yn it grêf as se wisten dat it sa need gean soe mei in hiele soad. In bytsje mear fatsoen, klean en etikette soe dan wol wer op syn plak wêze. Ik kin my wat dat oanbelanget ek sa fernúverje oer pop ‘idoalen’ sa as Madonna, Beyoncé, J.Lo en konsorten. Se dogge oars net as mei de fuotten wiid sitte en mei harren konten draaie yn miniskule outfits mar hawwe de grutste muoite oan ‘e man te bliuwen.

Hokker normale frou sit no de hiele dei mei de fuotten wiid op ‘e stoel of mei har kont te draaien, freegje ik my dan ôf? En as Miley Cyrus werris topless op in foto stiet of leit te ‘masturbearjen’ op it poadium, dan giet it de hiele wrâld oer. Dan ha ’k it noch net iens oer de Kardashians of de frou mei de grutste boarsten. Is dat no in byld dat je as frou noch delsette wolle hjoed de dei? As je sizze dat je graach thús wêze wolle by de bern doge je sa stadichoan net mear mar as je healneaken op in poadium omhuppelje en alles opspuitsje litte, binne je in soarte fan rolmodel yn ‘e media.

En wêr binne de mannen yn dit ferhaal? Ik tink dat dy it net slim fine dat froulju yn miniskule outfits mei harren konten draaie en mei de fuotten wiid sitte, salang’t it harren eigen dochters mar net binne. Of it moat foar in playbackshow wêze en dan sitte pake en beppe ek foaroan. Sa fyn ik it net slim om nei de Chippendales te gean en is der eins net folle mear dat my sjokkearret. En troch benammen it ynternet wit ik dingen dy’t ik leaver net witte woe.

Dochs twivelje ik der hieltyd faker oan oft it allegear wol sa normaal is en dêrom sjoch ik graach nei Downton Abbey dêr’t de froulju noch klean oanhawwe en de mannen hoflik binne. Dêr’t de muorren earen hawwe mar it measte achter sletten doarren bliuwt. Net alles dat modern is, is in ferbettering mar miskien wurd ik sa stadich oan ek wol in âld wyf.