Fiif kear Nix

tdf
As ûndernimmer binne je moai de lul yn dit lân en as it treft wurde je ek noch behannele as in krimineel. Troch al dy regels, regels en nochris regels sjogge de amtners sels de beammen troch de bosk ek net mear en fielt net ien him mear ferantwurdlik … ‘Ik begryp dat it ferfelend foar jo is, mar ik kin der ek neat oan dwaan, ik ha dy regel net betocht.’ En dat betink ik net samar, dat is foar in hiel soad ûndernimmers de hurde realiteit.

No slút TDF yn Berltsum de doarren omdat se troch de regel van Nix net mear fierder kinne en amper mear jild liene kinne om oare dingen út te finen, sa ha ’k lêzen. It soe moai wêze as it net wier is, mar ik bin bang fan al. De omkoal fan in amtner dy’t dizze regel betocht hat, hat grif sels yn syn jeugd in kompleks hân. Stie wierskynlik doe al as in ferdroege muorreblom frustrearre nei oaren te sjen dy’t it wol gesellich hiene. En doe hat er miskien al tocht: ‘Ik sil jimme letter allegear wol krije en dan meie jimme NIX mear!’

Nix, nee! Druk it mar op in etiket foar sûpketebier. De jeugd wol derút, dy bliuwt net thús sitten by heit en mem en gelyk hawwe se. Ik ha de moaiste tiid fan myn libben hân yn TDF, doe Hof van Holland. Machtich! wie it altyd en gesellich en ik dronk amper alkohol. It is dochs in pracht dat de jeugd in plak hat dêr’t se oaren moetsje, harren earste tút krije, miskien ris in klap op ‘e bek en los kinne op leuke muzyk? En myn ûnderfining wie doe dat der altyd tasicht wie en wa’t it te mâl die, hie in probleem.

Twa grutte útsmiters by de doar, dêr hiene je wol respekt foar. Steane dy ek by de sûpketen? Wat is no eins de bedoeling fan dizze regel? Der komt op dizze wize yn alle gefallen minder tasjoch op de jeugd en se hingje aanst grif wer mear op ‘e dyk om út ferfeling. Us bern giene ek noch altyd nei TDF, ien kear yn ‘e moanne wie it iepen foar de jonge pubers en se fûnen it prachtich. Dan helle beppe út Alde Leie harren op en sliepten se dêr ek.

Ik fyn it echt in skandaal dat it sa giet en it wurdt tiid dat alle útsmiters dy’t aanst sûnder wurk komme te sitten mei syn allen nei Den Haach reizgje en dêr in moai skoft húshâldzje. Want neffens my kin der wol in swikje fan dy amtners út. Smyt se mar bonkehurd op ‘e strjitte, dan witte se ek ris hoe’t dat fielt. Dat hiele regear fan ús stelt gjin reet mear foar en as it der op oankomt, ynteresearret it harren NIX, as se sels harren baan mar net ferlieze.

Der is sa stadichoan Nix mear oan!