Foarlêze

voorleesdagen2016

We sitte wer yn ‘e nasjonale foarlêsdagen want foarlêze is leuk! It is sa wichtich en goed foar de bern. As je it net dogge soene se ek noch tinke kinne dat je net in goede heit of mem binne dus as je dan bern hawwe dy’t dúdlik oanjouwe der gjin barst oan te finen dan hawwe je dochs wol in probleem.

Dat hiene wy dus ek. De âldste twa hawwe wy in soad foarlêzen en se hawwe letter sels ek noch in protte lêzen. Mar der kamen noch twa by en it foarlêzen waard in desyllúzje. Se makken fan it begjin ôf dúdlik dat in boek net har ding wie of der moasten gewoan plaatsjes fan kranen en auto’s yn stean. We hawwe de jonges wol op ‘e bank slepe moatten mar it waard altyd wer in drama. En omdat se op skoalle achter rûnen mei it lêzen moasten wy thús oefenje en ek dat wie in drama.

Ik ha sa faak mei de jonges nei de boekhannel west en dan mochten se in boekje útsykje. Dat diene se wol mar dat kaam noait wer út ‘e kast wei. Se hawwe jierren lang in boek op Sinteklaas krigen mar noait in side omslein. We binne der op in bepaald momint mar mei opholden en ik ha op skoalle sein dat it oefenjen thús gjin súkses wie. Bern dy’t neat oan boeken en lêzen fine en op skoalle achter rinne neffens de noarm, MOATTE lêze. It nivo moat omheech, it tempo is te leech mar leuk is it net en sa wurdt in boek in fijân.

Wy binne doe begûn mei foarlês cd’s en dat wie al in súkses. Sa hawwe se dochs moaie ferhalen te hearren krigen dêr’t se hearlik by yn sliep falle koene. Letter die bliken dat se beide dyslektysk binne mar dat wisten wy net doe’t se lytser wiene. No hat ien fan ús jonges in Davistraining hân wêrtoch’t er sels ek mear ynsicht krigen hat en it hat my ek mear dúdlikheid jûn.

Hie ’k it oerdwaan kinnen dan hie ‘k it oars dien. Earder myn eigen gefoel folgje en ophâlde te driuwen oer dat lêzen. Thús mar ek op skoalle. Uteinlik leare se it wol mar yn har eigen tempo. De wille fan it lêzen is der absolút net en dat fyn ik hiel spitich.