Friesland College

Ien fan ús soannen sit krekt op it Friesland College en hy wist net seker oft er hjoed les hie. Syn klasgenoaten út it doarp soene net nei skoalle omdat de learaar in pear wiken lyn sein hie dat de les miskien oer twa of trije wiken wer begjinne soe en dat is no sa’n twa wiken lyn. Oant no ta hat nimmen dêr in dúdlik antwurd op jaan kinnen.

It wie net echt waar om te fytsen en bussen ride net dus dan hie ’k him bringe moatten. Mar stel dat de les net trochgong… dan hie ’k him wer helje moatten. Dus ik belle mei skoalle en dêr koene se my neat fertelle. Ik ha in briefke mei in nûmer fan de studinte-administraasje mar dy frou wist neat en woe my ek net trochferbine. It like har mear in ‘gerucht’ en dan koene we der mar better fanút gean dat de les wol trochgong.

Ik frege om it nûmer fan de coach mar dat woe se my ek net jaan wylst ik him in pear wiken lyn alris belle ha en se my fia dit nûmer trochferbûn hiene. Ik frege him doe oft it wier wie dat de bern op tongerdeis frij hiene en dat it wol handich wie as se ris wat dúdlikheid krigen. Neffens him hiene se net frij, mar it wie dus al sa.

Ik ha niis mar wer it nûmer fan de studinte-administraasje belle want de heit en mem fan oare klasgenoaten wisten ek neat. Ik krige in oare frou oan de tillefoan en dy koe my wol trochferbine mei de ôfdieling dêr’t it omgiet. Mar ik waard trochferbûn mei de moade-oplieding en net mei engineering. Dêr soene se my wer trochferbine, mar der naam net ien op. Doe krige ik sels it nûmer, mar der naam wer nimmen op.

No freegje ik my ôf hoe’t se ea dy bern wat leare sille as se sels neat witte.