Frijheid

50 euro
Hoe frij binne wy? Dat kinne jo je ôffreegje. Want de wrâld sit raar yn elkoar en it measte wat yn ‘e kranten en op ‘e tillevyzje komt, hoege je net te leauwen omdat de minsken dy’t de toutsjes yn hannen hawwe, ek baas binne oer it measte dat der skreaun en sein wurdt.

Mar goed, hjir is lokkich gjin oarloch en hjoed is it befrijdingsdei. Justerjûn hawwe wy nei in dokumintêre sjoen oer Anne Frank en alle dagen wer stiet der in lange rige foar it achterhûs. Minsken dy’t gewoan nijsgjirrich binne, toeristen … mar ek minsken dy’t sels de freeslikste dingen meimakke hawwe. Of harren âlden en foarâlden hawwe sa’n klap krigen dy’t yn dizze generaasje noch altyd neidreunt. Ferskriklike dingen binne der bard, mar barre noch.

Wannear fiele je je frij? Ik fiel my frij yn ‘e natoer. En omdat ik gean en stean kin dêr’t ik wol. Mar dochs is der ek eat yn my dat seit dat we lang sa frij net binne as we tinke. Nim no it feit hoe’t se ús de euro troch de strôt treaun hawwe en wy oerlevere binne oan de binde dy’t de banken en de polityk derfan makke hawwe. Jild kreëarre út it neat. Soene wy massaal ús jild fan de bank helje wolle, dan hiene we in grut probleem omdat dat jild der gewoan net is. Sifers op papier is wat oars as echt papierjild yn hannen hawwe.

Hoe faak hearre je net ferhalen fan minsken dy’t amper mear grutte bedragen opnimme kinne. Dan wolle se ek noch witte wêr’t je it jild foar brûke moatte. Binne je no baas oer je eigen jild of net? It toppunt wie it ferhaal fan ús mem, de ôfrûne wike. Se wie op it Amelân en kaam derachter dat se de pinpas thús lizze litten hie en se hie amper kontant jild yn ‘e beurs. Dus gong se nei de Rabobank om fyftich euro op te nimmen … en dat koe net. Stjerrende wier, se krige it jild net mei! Omdat har Rabobank yn in oar distrikt stiet en it mokkel dat har holp, wie ek noch knap yrritant. Want wêrom hie ús mem mar ien paske? En hoe hie se dan de boat betelle? Us mem belle mei it kantoar yn Ljouwert, har distrikt. Mar yndied, it koe net omdat se net by elkoar yn it systeem komme kinne?

Us mem hie it smoar yn. Se fûn dat se rjocht hie op har jild, mar krige it net mei! Lokkich trof se in kunde en dêr koe se wat fan liene sadat se dochs wat jild om hannen hie. Mar op sa’n momint fiele je je net frij en as je de ferhalen leauwe meie, wolle se der nei ta dat der hieltyd minder kontant jild yn ‘e omgong is. Dan binne wy oerlevere oan in systeem dat net mear wurket sadree’t se de stekker derút lûke. Der is gjin oarloch … hjoed yn alle gefallen noch net.