Fuck it!

Fuck it! We moatte ús ljocht shine litte en mear fan sokke shit. Ik kom it op’t heden wol gauris tsjin op facebook. Jonge froulju dy ’t allemachtich goed binne yn marketing en coaching mei in hege omset en dat graach diele wolle. As je harren paad folgje dan stiet dat garant foar súkses en in dikke bank-rekken. Dan binne je net mear bang en ûnseker en kinne je de hiele wrâld oan.

Mei fokus en faasje tonnen fertsjinje want dan binne je de man … eh, frou. Mar as ik soks tsjinkom, tink ik altyd oan froulju dy ’t echt wat foar oaren betsjutte. Ferpleechsters, leararessen, oppasmemmen, froulju yn ‘e thússoarch of in ferpleechtehûs, ensfh. Dy fertsjinje gjin fermogens en hawwe faak ek noch noed oft se harren baan wol hâlde. Swier wurk en hieltyd minder tiid foar wat yn myn eagen sa wichtich is: Oandacht en in lústerjend ear.

Dizze froulju hearre je en sjogge je net. Dy komme ek net yn ien of oar glamourblêd want dêr sille se wol net hip en ryk genôch foar wêze. Dy blêden steane hjoed de dei fol mei súksesferhalen oer ‘modemeisjes’ en bloggers. Mei miljoenen folgers meitsje se de hiele godgânske dei foto’s fan harren sels en se reizgje de hiele wrâld oer. En fansels kin sa’n moademem har karrière hiel goed kombi-nearje mei bern. Klaaid yn ‘e hipste klean, mei it bern as in aksessoire op ‘e heup fertelt se grutsk dat se moarns de tiid nimt foardat se it bern fuortbringt en dan hat se jûns nei it iten noch wol in skoftsje om der mei te boartsjen. Alles ûnder kontrôle.

Hip, hipper, hipst. It bern degradearre ta in aksessoire. De trije R’s steane hjoed de dei foar in hiele soad bern foar Rits, Rats, Roets. De rêst hat de mem sels as se de bern hiele dagen fuortbringt, de reinheid soarget de poetsfrou wol foar en se sit regelmjittich by de kapper en yn it fleantúch nei wer sa’n wichtige moadeshow. Of klanten te winnen op facebook. Programma’s foar in fermogen besykje te ferkeapjen sadat we allegear ús ljocht oer de wrâld shine litte kinne.

Bin ik jaloersk? Nee. Ik begryp it gewoan net mear. En tefolle ljocht is my ek al gau te fel oan ‘e eagen.