Fuotbalje?

Ik sjoch sa no en dan ek nei it fuotbaljen en kin echt genietsje fan in goede wedstriid. Ik fyn it moai as it tempo heech leit en der sportyf spile wurdt. Ik ha eartiids sels ek fuotballe en it wie echt kloate as je tsjinstanners hiene dy’t alles wiene, útsein sportyf. Us jonges hawwe fansels ek fuotballe. Ik ha noch efkes lieder west fan de B’s en letter by de F’kes en E’s. No fuotballet der noch mar ien, mar ik stean noch regelmjittich lâns it fjild.

Der wurdt al fan dy bern ferwachte dat se fatsoenlik fuotbalje. Dus net beethâlde, lûke, teckelje, slaan en bite. De bal moat yn it goal en dat dogge je mei de fuotten, in skoudertriuwke mei noch wol mar fierder hâlde we it netsjes. Betiden naait it der wolris út, mar echt mâl giet it noait. Dochs kin ik my noch goed heuge dat, doe’t ik noch lieder wie, wy ris fuotbalje moasten yn St. Anne. Dat wie in drama. Dy hiene de gewoante om myn jonkjes hieltyd tsjin ‘e ankels te skoppen en wiene sa gemien as tou. De iene nei de oare yn ús team gong ûnderút en ik hie op it lêst sa skjin myn nocht dat ik se hast út it fjild helje soe. Je wurde der sels agressyf fan en geane mei in rotgefoel nei hûs omdat it neat mei sport te krijen hat.

Dat gefoel bekrûpt my dus no hast alle kearen wer nei it sjen fan de WK. Folwoeksen keardels dy’t in fermogen ferstjinje mar op it fjild omdiedelje as in stel gemiene F’kes. Beethâlde, lûke, teckelje, slaan en bite yn it kwadraat. Lizzen gean as it sa útkomt en skrieme om it libben. De hannen jokje my gau ris en respekt kin ik der net foar opbringe. Se traine altyd, se soene dochs better witte moatte? Fansels bin ik foar Nederlân, sy binne ek net de iennichsten dy’t it dogge. Mar ik fyn der betiden amper mear wat oan.

voetbal wk 1 voetbal wk 3

As ik lieder west hie, hie ’k se de hannen op ‘e rêch fêstbûn en wa’t in oar mei’t sin skopt, krige ek in toutsje om ‘e fuotten. Gjin froulju op besite en al hielendal gjin seks foar de wedstryd. Droege bôle en in bakje tee en fierder de bek hâlde te janken. En wa’t om it hoartsje lizzen giet om neat, koe alle jûnen om sân oere op bêd.

Lokkich is de finale tagelyk mei ús doarpsfeest. Ik hoopje dat se in skerm yn ‘e tinte hawwe of op it terras en Stageline gewoan spilet. Dûnsjend it fuotbaljen sjen … it liket my wol wat ta. En dan mei om my it sportyfste team winne.