Hoefbefangen

hilda en jutta

Justerjûn dr. Pol wer sjoen op National Geographic. Ik fyn dat altyd moaie tillevyzje mar justerjûn waard ik in bytsje beroerd. Hy makke in hynder ôf dat hoefbefangen wie. Baaske gûle, it wie nochal sneu. By hoefbefangenheid wurdt de ferbining tusken it hoefbien en de hoefskoech hiel min wêrtroch it hoefbien, dat normaal hinget, op de soal drukt en dan docht it rinnen hiel sear. It kin sa slim wêze dat it hoefbien troch de soal hinne komt.

Us Haflinger is groanysk hoefbefangen mar wy hawwe har al hast 13 jier. It is net maklik, foaral as je der sels neat fan begripe en je in hynder sjogge dat safolle pine hat. Mar wy hawwe it oant no ta oprêden, al kostet it in soad muoite en kin se mar beprekt gers ite mei de bekbân (muilkorf) om dêr’t in lyts gatsje yn sit.

Yn it gers sit in stof, fruktaan, en as dat te heech is wurdt ús hynder samar befangen as se tefolle yt. Se hat it ek wolris hân fan hea en kuil want dêr kin ek tefolle fruktaan yn sitte. Der bestiet in fruktaanyndeks dêr’t je op sjen kinne wannear’t it gefaarlik is en as je in hynder hawwe dat dêr gefoelich foar is dan hawwe je der bêst wol in probleem by.

Doe’t ús hynder it hiel slim hie, ha ik hoefskuon mei soaltsjes kocht en dat wie foar har de rêding. Ik wie der yntusken ek achterkommen dat ik har befangen kocht hie mar doe hie ze izers ûnder en wie it net te sjen. Troch de izers koe se wol normaal rinne omdat de druk net op de soal kaam. Ik hie der doe ek hielendal gjin ferstân fan mar ik sjoch it no drekt oan in hoef.

It probleem mei de izers wie dat se altyd los giene omdat se freeslik minne hoeven hie. Dêr komt ek by dat izers miskien wol de pine ûnderdrukke mar dêr is de kwaal net mei oer. Ik ha ferskate hoefsmeden hân, mar ha no in goede fûn dy’t har spesjale izers oanmjit en we hawwe it al jierren ûnder kontrôle. Foar har dwaan hat se no bêst goede hoeven sadat de neilen fan de izers ek wer sitten bliuwe. It leafste soe ‘k har op bleate fuotten hâlde, mar foar har wurket dit better.

Har hoeven sille in swak punt bliuwe en we moatte der altyd sa goed om tinke dat we op ‘e regel bliuwe. We ride net mear op har mar it is in fantastysk leaf selskiphynder. Der wurde regelmjittich hynders ôfmakke omdat se befangen binne want it duorret skoften foardat de hoef wer sterk is en guon minsken hawwe dêr gjin nocht yn of se hawwe der te min ferstân fan. Der hat ek wolris immen tsjin my sein dat ik har better mar nei de slachter bringe koe.

As’t sa’n hynder foar de sport hast, hast ek in probleem mar it baaske fan it hynder dat dr. Pol ôfmakke wie al âlder en it wie har lêste hynder. Sa te sjen wie it gewoan in selskiphynder dat ik fûn dit wol hiel koart troch de bocht.
Hoefbefangenheid is net samar wat en wa’t der mear oer lêze wol kin op dizze side sjen: