Ibiza

Ferline wike op fakânsje west nei Ibiza, wat in hearlikheid! Sa koart fleanen en sa’n moai eilân. As je wolle, komme je der net in minsk tsjin en BN’ers hawwe we ek net sjoen of heard. En fansels alle dagen sinne en nei it strân, út te iten en se hawwe der hearlike yoghert ijsko’s! It is lekker om der tegearre in wike hielendal út te wêzen en dat kin omdat ús mem thús de húshâlding draaiende hâldt en ús heit standby stiet.

Ik bin echt freeslik lui, sa’n wike. Wat lêze, wat ompiele, wat yn ‘e koffer sneupe om te sjen hokker bikini der wer ris oan moat en minsken besjen. Want dy komme je wol tsjin op it strân en it moaie fan Ibiza is dat alles kin en neat moat. Neaken omrinne? Gjin probleem. Topless yoga oefeningen dwaan yn ‘e brâning fan ‘e see? Hiel gewoan. Der kaam ek wol gauris in âldere frou op ‘ús’ strân mei in ljochtblau badpak en pearse wetterskuon. Se gong altyd te snoarkeljen mei de kont in ein boppe wetter en flapperjende pearse fuotten. ‘De dúkboat’ neamden we har. It wie in moai spektakel om nei te sjen en dat hawwe je dan wol oan tiid. Guon minsken binne sa brún dat it gjin gesicht mear is, oaren sa wyt dat it sear docht oan je eagen en ik ha sa’n soad healneakene minsken sjoen dêr’t úteinlik hast net ien perkekt fan wie, sa as se altyd yn ‘e blêden stean. Jonge famkes binne meastal noch moai slank en strak mar de measte froulju hawwe in búkje en cellulites en de mannen lykje ek net allegear op Rambo. De jonge Spanjaarden wolle der noch wolris kreas útsjen, mar as it hast it hiele jier strânwaar is, sil it ek wol makliker wêze om dat fol te hâlden. Miskien moatte je foar de perfekte glossyminsk wol nei de de Blue Marlin, dêr’t in lisbêd sa’n 1000 euro op in dei kostet, mar dêr hawwe wy it ferline jier west. Dat wol sizze, in tent dêrnjonken en wat my doe opfoel is dat dy lju faak sa sjegrinich om harren hinne sjogge, wylst op de oare strannen de minsken gewoan wille ha en fleurich binne. En ik fyn de opspuite lippen fan froulju út dy kringen in ferskrikking. As je dat fan tichtby besjogge, dan giet de grize my oer de grouwe. Wat ik ek nuver fûn, wie de keale, glânzjende en wat âldere Dútser, yn in fierste strakke en te lytse swimbroek. Hy liet syn neilen fylje en lakke troch syn frou/freondinne/neilspesjaliste ûnder de parasol op it strân. En as er swommen hie, die er in oare lytse swimbroek oan en lei er de wiete op ‘e parasol te droegjen. Op it strân by Starum sjochst soks net en der wurdt ek net in soad iten op it strân op Ibiza. Gjin sjips, koekjes, dropkes, cola, broadsjes of ijsko’s. In fleske wetter is genôch. Dat is hjir wol oars, mar as wy nei it strân kinne yn ús lân… dat komt net alle dagen foar. Dêr moatte je in feest fan meitsje, fansels!

Op ‘e weromwei nei hûs, wachtsjend op it fleanfjild, sjogge je wer fanalles foarby kommen. Eltsenien lekker brún en loftich klaaid. De mannen (40/50+) dy’t der op ’e hinnereis al útseagen as woene se leaver 30 wêze, wiene der ek wer. Bin dan benijd wa’t thús op harren wachtet en wat se allegear útspoeke ha, sa’n wike. Us fleantúch hie wat fertraging, dat ik koe noch moai efkes sjoppe yn in winkel dêr’t wy tsjinoer sieten. Noch noait sokke leuke en fleurige klean sjoen. Hielendal bliid mei myn nije oanwinst út Ibiza wer nei hûs en in dei letter kaam ik der achter dat dat merk ek gewoan by V&D te keap is. Wolkom thús, Fryslân boppe!