IFKS 2013

bemanning
De wask wer dien, boadskippen helle en oan it wurk… dat is no wer de realiteit. Wylst we in wike lyn noch leine te skommeljen op ‘e Iselmar mei de gesellichheid om ús hinne fan it skûtsjesilen. Twadde binne we wurden, twa punten ferwidere fan it kampioenskip. It wie wer in spannende striid mar it is dochs prachtich dat we op it poadium stiene en we ha moaie prizen wûn.

De Jonge Jan ferbynt ús mei it waar, it wetter, mei Fryslân en de minsken om ús hinne. In wike lang draait alles om it skûtsje en de bemanning en de minsken thús libje mei. Us bern fine it silen ek machtich en wy, dy’t op it folchskip achter bliuwe, libje ek tige mei. Wat wiene we sjegrinich doe’t se sa min syld hiene op Echtenerbrêge, dat wiene djoere punten. En dy earste kear op ‘e Lemmer wie ek sa frustrearjend! Se leine dik earste, ik gong efkes nei de wc en doe’t ik werom kaam leine se fiifde! Doe ha ’k al in pear kear goed flokt. It minste is, dat je op sa’n momint net witte wat der presys bart mar gelokkich binne se doe dochs noch tredde wurden en bliuwe wy net lang boas. We hawwe it moai mei elkoar en de bemanning docht syn bêst. Je moatte ek wat gelok ha, je ha it net altyd yn eigen hân. As de wyn skiftet ûnder it silen en je krije him op dat stuit hiel min, wylst it earst goed wie, dan ha je dikke pech. Dan docht mar wer bliken dat de natuer net te ferslaan is, mar de natuer wie ús dy wike goed ta help oer it algemien. Alle dagen wyn, sinne en soms wat reinwetter. Ien nacht hiene we it minder troffen. Doe leine we mei ús float op leger wâl op ‘e Hegermar en begûn it te stoarmjen. De bern foelen sawat fan ‘t bêd troch it skommeljen en wiene seesiik. We hiene it noch noait sa slim meimakke, it gong need. Midden yn ‘e nacht ha we de float ferlein, mei de kop yn ‘e wyn en doe wie it wer te dwaan.

Op ‘e Lemmer binne de lêste wedstriden en it feest is dêr ek altyd prachtich. De freedtejûns wie it al hiel gesellich. Wy hiene de oare deis in spannende dei te gean, dat wy wiene aardich op ‘e tiid thús, mar guon fan ús bemanningsleden net. Sy fierden noch in feestje mei Sikke, dy ’t úteinlik kampioen wurden is. Se hawwe in soad wille hân as ik de ferhalen leauwe mei. En dêr giet it úteinlik om, sinne en wille, respekt foar elkoar en sportyf sile. Je wurde net kampioen sûnder in nûmer twa en net nûmer twa sûnder in nûmer trije, ensafh. We hawwe elkoar allegear nedich en wat dat oanbelanget wie it skûtsjesjoernaal wolris yrritant. Fan de earste dei ôf wurdt al praat oer it kampioenskip, wylst de skippers dy’t de earste dei wûn ha beskieden bliuwe omdat se wol witte dat der noch fan alles barre kin sa’n wike. En guon skippers dy’t net goed meikomme koene fan ’t jier stutsen se de gek oan. Wy ha der betiden mei kromme teannen nei sjoen.
De skippers en bemanning stekke der in soad tiid en jild yn, dat in bytsje mear respekt is wol op syn plak. Mar fierder wie it in prachtige wike en it oare jier batse we der wer yn!