Ik bin in geloksbern

Spraakwetter 186
Justerjûn wie de presentaasje fan mijn nije boek It Geloksbern. We hawwe te farren west op ‘e ‘Ouwe Piet’ en fansels wie Jelle de skipper. Hy hat ús nei Ljouwert brocht dêr’t Jappie Commando mei de Hûnekop camper it earste eksimplaar brocht hat en dêrnei wie de presentaasje. We hawwe al efkes in bui op ‘e kop hân, mar lokkich klearre de loft letter al gau wer op.

Ik fûn it in prachtich barren en dit fansels mei tank oan alle gasten dy’t kommen wiene. Famylje, freonen, doarpsgenoaten, kollegaskriuwers, muzikanten, bern … allegear leuke minsken. Under it farren hawwe ús bern spile, tegearre mei Gerda v/d Meulen, dy’t sa moai sjonge kin! Rixt spile op ‘e piano en Fonger op gitaar. Spesjaal foar de presentaasje hawwe se in pear ferskes dien en om my dogge se dat faker! Emiel hat fansels ek songen. De Hûnekop is unyk en ik fûn it super dat er der by wie! Hy hat ek in pear nûmers dien mei myn doarpsgenoat Foeke van Bruggen en Baba hat syn hits spile, û.o it nûmer Spraakwetter, dat er spesjaal foar de Spraakwetteraksje skreaun hat en dat meikoarten opnommen wurdt. It is echt fantastysk as je sokke muzikanten yn it fermidden hawwe! En lûdsman Jelle, dy’t ek altyd it lûd by de Hûnekop docht, hie it perfekt foar elkoar.

Myn útjouwster, Jitske Kingma hat de presentaasje dien mei in tige moai en posityf ferhaal. Want dat is Jitske, altyd posityf en fol fjoer. Neat is har te gek en al myn kreativiteit kin ik by har kwyt. Dêrnei hat Martsje de Jong in rede holden en dat wie echt op syn Martsjes. Flot, humoritysk, der gjin doekjes omwine en earlik. Se hat efkes út ‘e doeken dien wêrom’t se earst tocht dat myn boeken wol neat oanwêze soene, dat se se úteinlik dochs lêzen hat, it ek noch hiele moaie boeken fûn en wêrom. Ik fûn it in prachtich ferhaal en ik bin bliid dat se myn ‘meilêzer’ wie. Abe de Vries hat noch in pear siden foarlêzen út it nije boek. Ik bin ek wiis mei Abe. Hy redigearret myn wurk en makket faak prachtige foto’s foar allerhande dingen dy’t ik by’t ein ha, meastal yn kombinaasje mei de Fryske rokjes. Dy hiene we ek oan fansels en Jolanda hat noch wat fleskes Spraakwetter ferkeapje kinnen op ‘e boat. De kroade kin wer ride mar we meie der net mear ynsitte fan ús monteur. Jolanda docht ek altyd in soad foar my. Se makket de moaiste foto’s en tegearre briede we altyd wer nije ideeën út.

Achter de skermen hiene we ek in pear toppers. Dat wiene ús mem en har buorfrou Wieke Lap. Sy woene de catering wol dwaan en dat wie perfekt foar elkoar! Koffje, tee, sop, broadsjes … se hawwe it smoardrok hân, mar it rûn as in trein. Ik leau net dat der immen mei honger as toarst nei hûs gien is en ik wie bliid dat se der wiene, oars hie’k wol gek wurde kinnen. Nei de tiid wie alles wer ôfwosken en oprûme en Emiel hat noch efkes ‘Echte leafde’ foar harren songen. It wie nei de tiid noch lang gesellich op ‘e boat en ik ha noch hearlik dûnse mei ús mem. En foar alle oaren dy’t wat foar my dien hawwe, fan foto’s meitsje oant it heljen fan de hynders út it lân: Tige tank!!