Lêzersfeest ‘Wyn fan feroaring’

2015-04-015

Juster hiene we it lêzersfeest om te fieren dat Wyn fan feroaring útkommen is. Ik soe de presentaasje yn ‘e tún hâlde en dêrnei noch efkes te farren op de Ouwe Piet, ús folchboat mei it skûtsjesilen. Mar fansels moast it wer reine, dat doe hawwe wy alles mar op ‘e boat dien. It wie efkes ymprovisearjen mar de Ouwe Piet is altyd gastfrij en it wie lekker waarm yn it rom.

In lêzersfeest omdat ik wiis bin mei myn lêzers! Der wiene ek froulju dy ’t ik noch net earder sjoen hie mar dêr’t ik mei yn kontakt kommen bin omdat se myn boeken sa moai fine. Ik hie it eins te drok om in leuk petear mei immen oan te gean mar ik fûn it fantastysk dat eltsenien der wie.

Myn meilêzer Martsje de Jong hie in prachtich ferhaal oer Wyn fan feroaring, dat sy fansels al lêzen hie. Ik ha altyd in soad oan har kommentaar en fyn it fijn dat se my bystiet mei goede ried. Jitske Visser die út ‘e doeken hoe’t wy elkoar kennen leard ha by it skûtsjesilen. Se wie doe skipper en wy leine mei ús skûtsjes by de pier op ‘e Lemmer. It wie in bysûnder ferhaal oer in jonkje en in famke en yn dit gefal is it famke Jitske har papegaai en it jonkje ús jongste soan. Myn útjouwster Jitske Kingma hat ferteld wêrom ’t se fynt dat myn boeken it wurdich binne om in grut publyk te berikken en sy is ek altyd in grutte stipe foar my. In boek skriuwe en útbringe is in hiele wei en dan is it sa weardefol dat je de goede begelieding krije. Mar in boek is net ôf as der net in omslach omhinne sit en de prachtige foto’s dy ‘t dêr op steane, binne makke troch Charles Storm en Marijke Talsma.

Ik wol eltsenien betankje dy ’t my holpen hat mei it boek en dy ‘t juster west hawwe, ek de minsken dy ’t net komme koene mar al graach it boek ha wolle. Tank foar de blommen, kadootsjes, leave wurden en de gesellichheid, Jolanda en Tineke foar it meitsjen fan de foto’s en ús mem foar it setten fan de kofje. It rûn as in trein, de ôfwask wie dien, it bier wie op en it doel om rûn in oere as fiif op te hâlden, hawwe wy net helle. De lêsten binne om healwei njoggenen nei hûs ta gien mar wol mei harren earste Fryske boek!