Moai man

Ik seach ferline wike nei How to look good naked. Froulju dy’t net tefreden binne oer har liif rinne úteinlik yn linzjery oer in catwalk en komme op ‘e tillevyzje sadat we allegear meigenietsje kinne mei de frustraasjes oer fetrollen en blubberbuken, dy’t yn myn eagen meastal wol tafalle. De presentator docht it leuk en it liket wol oft it helpt. Mar wat ik net begryp, is dat in man amper mear oan syn frou komme mei omdat se har skammet mar dan wol de klean útdocht foar in frjemde presentator neidat er in pear kear seit hat dat se prachtich is, wylst har eigen man dat altyd al fûn.

De frou fan ôfrûne wike wie ûngelokkich mei har liif neidat se in bern krigen hie. De kilo’s woene der net ôf en se die amper muoite mear om der leuk út te sjen. Dus waard se dêr mei holpen en se moast fansels ek in oare bh om ha. Dat is altyd sa’n tastân en geheister. Se moatte der moai ynfalle, mar it is gjin garânsje dat se der ek yn bliuwe. En sa túgje je de djoerste bh’s oan dêr’t se like hurd wer útrûgelje ûnder it stofsûgjen.

Dat die my tinken oan de mutsen fan boer Tom. Mutsen mei in grutte sjaal om wat ek hielendal net praktysk is. Mei sa’n sjaal kinne je net wurkje of bûgje en it is ek noch gefaarlik mei al dy masjine’s op sa’n bedriuw. Om it hert fan Tom te winnen, hiene se better op ‘e knibbels yn ‘e drek falle kinnen yn in overall. Je seagen it him tinken en hy hie it noch sein, mar nimmen dy’t it snapte want se woene der moai útsjen. Mar dat is net altyd foldwaande en wat is ‘moai’?

Der is yn myn eagen neat moaier dan in man dy’t fan syn frou hâldt en har goed fynt sa’t se is. Dat er har sels noch oantrekliker fynt omdat se mem wurden is en har sjocht sa’t se werklik is. It is net altyd sa dreech as in hiele soad froulju tinke. In boer sjocht de skientme fan in frou echt wol yn in overall. En de man út How to look good naked wie sa wiis mei syn frou, mar dat wie net genôch.

It programma gong oer har mar ik seach him en dat fûn ik it moaiste om te sjen.