Perfekt

Hjir komt it… ik bin net perfekt! Ik flok, ik mei graach op ‘e dyk fliberje en wyldsnute. Dat mislearret gauris en dan fei ik de snotbongel mei myn mouwe fuort of sa. As ik gjin maskara en eachpotlead op ha, bin ik ûnsichtber en myn ‘slanke riem’ kin op ’t heden jûns net ticht. De kapper telde lêst trije grize hierren en ik yt it leafste in hiele pûde sjips allinnich op. In hiele sûkerlatte ha ’k trouwens ek gjin probleem mei.
Ik bin wol sinnich mei it iten, ik mei gjin fisk, gjin kofje, gjin bûter, gjin bier as wyn en sushi jou ik oan ‘e hûnen as se it my foarsette soene. As it merke is, dan yt ik mei gemak fiif bakjes patat, ik fyn myn eigen pankoeken it lekkerst en ik kin der net mear oer om let op bêd te gean. Dan bin ik de oare deis sa min as pudding. It lêzen wurdt ek minder, foaral yn it tsjuster en ik fal yn ‘e sliep as ik myn eigen boeken lêze moat. Ik fal eins altyd yn sliep as ik lês, útsein op fakânsje by in swimbad. Dan hâld ik it gek genôch wol fol. Pms is my ek net ûnbekind en ik kin knap obsternaat wêze. Ik ha net altyd it geduld om it geëamel fan in oar oan te hearren en fyn neat oan dat kleffe sosjale gedoch. Op in jierdei felisitearje ik net de hiele famylje en it leafste tútsje ik net. Ik ferjit wol gauris in jerdei en fier myn eigen leaver ek net. Ik ha gjin problemen mei it âlder wurden, mar al dy drokte hoecht om my net mear.

Ik ha ris hinnesop makke, dat hie in pear oeren opstien en doe’t ik it seve soe, wie ’k ferjitten der in panne ûnder te setten, dat de sop rûn troch de goatstien en allinnich de griente en de hin wiene oer. De ierdappels baarne ek wol gau ris oan en doe’t de bakker de wyklikse bestelling bôle brocht, ha ik ferjitten te sizzen dat ik net thús wie en dat ik it sels wol helje soe. Doe hat er it achterhûs lein en hawwe de hynders alles opfretten. Myn hûntsjes naaie noch wol gauris út it lân yn en dan raas ik alles by elkoar, dat sa rêstich as Cecar Milan is, sil ik noait wurde.
De yntinsjes fan myn húshâldlike ynspanningen binne goed, mar de útfiering falt faak ôf. De tafel leit altyd besiedde mei kranten, rommel, katten en klean en oan ‘e wask komt noait in ein. Ik bin net goed mei sifers, slingers opromje is in probleem en ik ha in hekel oan spinnen. Ik ha alris in fûgel út ’e beam sketten mei in buks en út bisteleafde in do kocht omdat ik it sa sneu fûn dat er yn in lyts koaike yn ‘e winkel siet. Oerdeis wie er los, mar doe fergeat ik op in jûn it doarke fan ‘e (grutte) koai ticht te dwaan en moarns hie de kat him opfretten. Allinnich syn poatsje mei it rinkje wie der noch en de keet lei fol fearren.
Ik ha ek wolris oan ien frege oft se swanger wie, mar dat wie net sa. En in rút yn ‘e doar stikkengoaid mei in boartersguodtrein. Ik wol al in jier de souder opromje en bin úteinlik in digibeet. As der wat is mei de kompjuter, belje ik ús heit. It leafst lit ik ús mem de ruten himelje.

Koartsein: ik bin ek mar in minsk. Ik doch myn bêst, faak mear as dat en ha neat mei de saneamde perfeksje. Huzen dy’t derút sjogge as wennet der net ien. Sa netsjes en keal, sûnder siel en gesellichheid mei fan dy krematoariumtunen. Minsken dy’t altyd troch in rinkje te heljen binne, foarkommend en noait in ferkeard wurd sizze… ik fertrou se foar gjin meter. As minsken dy’t altyd en ivich gnize en fleurich binne, dat is faak mar skyn. Lit my mar omrinne op myn wurklearzens en yn myn âlde klean, lekker ite en omrommelje. Op ’e bank hingje mei de broek los en fliberje op ‘e dyk.

O ja, ik fotosjop mysels ek wolris en brûk karbonadekrûden op de sukadelappen.