Regels

In pear jier lyn kaam ús jongste tusken de middei hielendal oer de toeren thús fan skoalle. Hy hie de sneins aaien socht mei in pear grutte jonges en dat hie er sa grutsk as in pau ferteld yn it kringpetear, mar hy sei dat it om swanne-aaien gong. Tafallich wie der doe ek in plysje op skoalle en juf hie it yn it skoft mei de plysje besprutsen. Doe moast er by de plysje komme en de nammen fan de oare jonges neamme. Hy wie der glêd mei oan en tocht dat de grutte jonges hiel boas wêze soene en dan mocht er noait wer mei. Ik ha mei de juf belle, sein dat it om guozze-aaien gong en doe wie se der sels ek wol wat mei oan. Dochs hiene we de jûns om sân oere twa plysjes om ‘e keukentafel. We krigen in warskôging en ik ha se ris oansjoen op in manier dêr’t Jelle noait sa bliid mei is. Ik moat der wol bysizze dat der letter in plysje belle hat om syn eksús oan te bieden, it hie sa net moatten. Mar doe wie it al bard.

Wy wenje no tweintich jier yn Warten en as it echt simmer is, is it hjir feest. De jeugd kin swimme, fiskje en farre en se swommen altyd by ús, by de brêge. Kloften jeugd en út en troch kaam de plysje wolris om in warskôging te jaan omdat se bygelyks fan de brêge sprongen, of noch moaier, út it brêgehokje wei. Ek hongen se wol gauris oan in boat of spatten se de minsken yn de boaten wiet. Mar dan ha ’k it net oer bern fan tolwe en trettjin jier. Farre mei in surfplank derachter is ek machtich en neffens my is der noait wat slims bard. Se sitte net yn speedboaten, hawwe gjin jetski’s en parasailing hawwe se hjir ek noch net útfûn.

De lêste jierren hoecht it mar in bytsje knap waar te wêzen en dan komt de plysje drekt op ‘e lap. Swimme by de brêge mei ek net mear en doe’t we noch net in oar swimplak hiene, hawwe guon bern alris in bekeuring hân, fan ik miende, € 90,-. Der hoecht mar immen te beljen en se steane hjir paraat om de jeugd in bekeuring te jaan. De ôfrûne wike hat Hylke € 130,- oan ‘e swimbroek krigen omdat er nei de oare kant farre soe dêr’t syn maten ek oanholden waarden omdat se in selsmakke houten plank achter in boatsje hiene. Beide € 230,- oan bekeurings krigen want yn Warten meist net wetterskieë. Wy litte it der net by sitte, mar it jout efkes oan hoe’t it hjoed de dei giet.

Wat my noch altyd freeslik dwers sit, is dat in pear jier ferlyn ús Zodiac stellen is en yn brân stutsen is. De motor meinommen fansels en wy hiene neat mear. We krigen in tip fan immen dy’t wol wist wa’t it wierskynlik dien hie en ik ha oanjêfte dien. We hiene in namme, in wenplak en wêr’t er wurke. In pear wiken letter krigen we in brief dat se der fierder neat mear mei diene, it wie gjin prioriteit. Dus as we hjir dan om elts skytwysjewasje de plysje om ‘e doar hawwe omdat dy bern boarstje, dan fleane myn stikels oerein.

De plysjes dy’t der juster wiene, wiene fierder bêst genôch. Aardige jonges dy’t gewoan harren wurk diene en de regels ek net betocht hiene. Doe frege in jonkje wa’t dy dan betocht, mar dat wit noait ien. Dat is altyd sa apart, amtners ha ek faak sok praat. ‘Wy witte dat it ferfelend foar jo is, mar wy hawwe de regels ek net betocht.’ Nee, mar dat der tefolle binnne yn dit lân is wol dúdlik.

Ik ha der yn alle gefallen skjin, mar dan ek skjin myn nocht fan dat de jeugd fan ús boartsjende bûtenbern ferpest wurdt troch al dit gedoch en sa krije se ek gjin respekt foar de plysje. Sa as wy hjir wenje, kin de jeugd noch avontoeren belibje en harren grinzen ferkenne mar op dizze manier is der net in soad mear oan. As der echt eat bart dat net kin, is it in oar ferhaal mar dit giet yn myn eagen te fier. Se moatte ophâlde mei al dy regels en tenei de dingen wat better regelje yn dit lân.

En aaisykje dogge se dochs wol.