Skinny jeans

skinny mannen

Ik wie fannemoarn op ‘e strún foar de manlju by ús thús dy’t net fan winkeljen hâlde. Broeken stiene ek op ‘e list mar ik hie in probleem want skinny jeans foar mannen is no de moade. Der is amper mear in normale broek te krijen en ik moat earlik sizze, ik fyn dy strakke broeken werklik gjin gesicht!

Dat sei ik dus ek yn ‘e winkel en der stie in âldere man by dy’t krekt sa’n broek oanhie en it stie op fleanen. De trui der by yn, gjin kont yn ‘e broek en syn skonken diene my tinken oan it ferske fan kabouter Spillebeen. Mar de ferkeapster wie it net mei my iens want sels fûn se it prachtich en no koene we einlings ek ris model by de mannen sjen. Ik seach nochris nei it mantsje yn syn strakke broekje mar koe gjin model ûntdekke.

In pear wiken lyn wie ik yn ‘e Jack & Jones yn Ljouwert. In kreaze jonge holp my en it wie ek noch in echte Fries út ‘e wâlden. Mar de skinny jeans mei de piposkuon, it aparte burdsje en de strakke trui makken dat er der net echt manlik útseach. Mar foarút, hy wie jong, it is moade dat je kinne it ek noch hip neame, miskien. Sokke jonges hawwe faak ek noch wol in moai model en hy wurke yn in kleanwinkel… okee. Mar om no sa’n âld strúk yn sa’n broek te sjen… no nee.

Ik ha lokkich in pear moaie broeken fine kinnen mar ik ha se al in maat grutter kocht want de normale maten binne te strak. Net omdat se sa groeid binne mar omdat de moademinsken dat betinke. Ik freegje my op sokke mominten ôf wa’t dat binne en wêrom’t se fan manlju heale wiven meitsje wolle en ik soe graach adressen ha wolle fan winkels dêr’t se noch klean ferkeapje foar echte mannen.