Topdei

9 en 10 Maaie Hilda boekpromoasje 013 IMG_4672
Hjoed wie dan it safier, ik soe lâns fiif boekhannels om te sinjearjen omdat It Geloksbern it boek fan de moanne is. Ik hie de prachtige Cadillac fan ‘Evert’ regele en it superteam Jolanda en Tineke soene flyerje. Boeken by de fleet en de fûgel Piet útbestege want dy moast om it heal oere iten hawwe en fierder wie der net ien thús. Fretterij helle foar ûnderweis en doe’t we mei syn allen yn ‘e auto sieten, begûn it te reinen. En te reinen en te reinen. Mar it siet hearlik achter yn dy machtige auto en wy giene nei Burgum.
IMG_4681 IMG_4708
Dêr hie’k in prachtich plakje om te sitten, echt dik foar elkoar en der kamen spesjaal minsken foar nei de winkel. Ik fûn it leuk en gesellich, mar it flyerjen op ‘e strjitte koe eins net omdat it te rêstich wie en it reinde. Doe’t we hast fuort moasten, kaam de âld boargemaster en hy gong der efkes hearlik foar sitten mei in bakje en in drankje. Hy kaam fan de golfbaan, wy te let yn Boalsert mar hy kocht al in boek!
9 en 10 Maaie Hilda boekpromoasje 024 IMG_4718
Yn Boalsert wie net in harses op ‘e dyk en it reinde noch altyd. En as der net ien op ‘e lap is, dan binne de winkels ek leech, dus. Ik mocht op in krukje sitte oan de toanbank, we krigen kofje en tee en de minsken wiene o sa aardich. It wie eins wol normaal dat der amper ien kaam, want it wie tusken de middei. Moai dat ik dat no wit en troch alle konsternaasje dondere ik ek noch fan it krukje.
9 en 10 Maaie Hilda boekpromoasje 032 IMG_4722
Op nei Warkum. It sintsje skynde, der wiene allegear minsken op ‘e lap en it wie smoardrok yn de winkel … mar net wier. Oeral dêr’t wy kamen, hiene se plak frij holden foar dy moaie auto, pontifikaal op ‘e stoepe, mar ik wit net as immen it wol sjoen hat. Salang’t wy dêr west hawwe, reinde it en ha ik amper in minsk sjoen. Mar lokkich wiene Jolanda en Tineke der om my geastlik te stypjen. Sy wiene ek wurkleas dat we hawwe mar wat literatuer besjoen oan de prachtige tafel dy’t se klearsetten hiene.
IMG_4728-001 IMG_4744 IMG_4740 IMG_4734
Koudum. Wer in moai plak foar de winkel, it wie dêr wat drokker en geselliger en by de Poeisz witte se no ek wa’t ik bin. Einlik in droech plak om te flyerjen. Ik stie no by in tafeltsje en it koe minder. Ek wol better, mar je moatte de dingen posityf besjen.
IMG_4750 IMG_4760 IMG_4756 IMG_4754
Us lêste adres wie It Hearrefean. It reinde wer, of noch en yn de auto begûn it ek al te drippen. Twa boeken mei wetterskea. Mar dochs wiene we noch fleurich, frjemd genôch. It wie wat drokker op ‘e dyk as yn de oare plakken, mar no koe de auto net foar de winkel stean omdat der merk wie. Yn de winkel wiene ek wol wat minsken, mar net in tafel of in stoel dêr’t ik by sitte of stean koe. Wol jus ‘d orange. Dus ha’k omrûn mei de flyers, al wat hannel dien en leuke petearen hân. Ik moat wol sizze dat se oeral hiel aardich wiene en dat je in prominint plak yn de winkels krije as je it boek fan de moanne binne. Ik hingje no gewoan neist Esther Verhoef.
IMG_4767 9 en 10 Maaie Hilda boekpromoasje 050
Doe’t ik einlings wer thúskaam, hie de hûn yn ‘e keuken koarre en moast ik fûgel Piet wer helje. Hy sit no by my mar Berber, Roanne en Jelte hawwe goed op him past. Ik ha in bakje tee krigen fan myn man, hy moast sile mar dat foel ek net ta mei dit waar. Saaklik besjoen wie it net in topdei mar sosjaal besjoen al. It wie gesellich, ús sjauffeur en syn frou de leafste minsken en Jolanda en Tineke binne toppers! Op paad mei sa’n auto is echt machtich mar de oare kear ride we drekt troch nei Súd-Frankryk.
IMG_4764 foto (2)