Willem Wâldpyk

hilda en willem w

Ik wie ferline wike yn Burgum om te praten oer myn boeken. It wie in tige gesellige jûn en ik wie op ‘e tekst oer de boeken, it skriuwen en wat der allegear by komt sjen. In hiele soad, wit ik no út eigen ûnderfining.

Yn earsten moatte je ideeën en trochsettingsfermogen ha om in ferhaal op papier te krijen. Dan in goede útjouwer fine en dy ha ik lokkich fûn. Jitske Kingma fan Elikser lit my yn myn wearde en stipet my altyd. Se is it type net lulle mar poetse en sa bin ik ek.

As in boek útkomt moatte je der eins ek wat bekendheid my krije. It is op himsels wol handich as oare minsken ek witte dat it der is. Doe’t myn earste boek útkaam, stiene der yn dy perioade in oantal negative stikken yn ‘e krante oer de Fryske skriuwerij. Oer dat der hieltyd minder minsken Frysk lêze, dat útjouwers der mei ophâlde, dat boekhannels amper mear Frysk ferkeapje, ensafh. Dan soene je sizze dat elts Frysk boek dat útkomt de muoite wurdich is om te promoaten mar sa wurket it net.

Fansels kinne je dêr in hiele soad sels oandwaan en dat moat ek. Mar as in boek útkomt wurdt it ek oeral hinne stjoerd mei in parseberjocht, allinnich amper in harses dy’t der op reagearret. No wit ik wol dat je soks ek opbouwe moatte en dat neat fansels giet, mar ik bin der sa stadich oan ek wol achter dat de gunfaktor net by eltsenien like heech is. Dêr hat Willem gjin lêst fan, hy gunt in oar alles en dat fiele minsken.

Ik kaam yn Noardewyn live nei in oprop foar de simmerfakânsje dat je earne reklame foar meitsje mochten en doe wie It Geloksbern hast klear. Willem wie drekt posityf en it wie in moaie ûnderfining ris by him yn ‘e studio te wêzen. Wat in enerzjy en hy lit ek alle minsken yn har wearde. Dêrnei kaam ik faker en it moaie fan Willem is dat er ek hiel maklik benei te kommen is. Hy stiet net boppe de minsken, je steane op ‘e selde hichte. Hy is echt begien mei de Fryske kultuer en syn entûsjasme is oansteklik.

En wat hat dat no mei Burgum te krijen? Dat is hiel grappich want ik fertelde dêr it boppesteande ferhaal en frege oan ‘e froulju oft se Willem Wâldpyk wol koene. Doe die bliken dat syn mem ek yn ‘e seal siet. Dat wie in prachtich momint en it is echt spitich dat er allinnich de freeds oerhâldt want de krêft achter Noardewyn is Willem.