Yn of út.

No’t it nije jier wer begûn is, krije we fansels de yn’en en út’en. Juster yn ‘e Ljouwerter en lêstlyn al yn ‘e Telegraaf. It binne fan dy listen dêr’t ik fan tink: hoe komme se der by?

Ugss binne út, mar ik ha se noch alle dagen oan, en yn bygelyks Maastricht rinne se der ek massaal op. Skinny jeans is út, mar dy hâld ik ek oan. Likes op facebook binne út, dêr is ek noch neat fan te merken en in fêste baan kin ek net mear. Fertrouwen yn ‘e polityk skynt ek út te wêzen al wit ik by God net wannear’t dat der wol west hat. En lêst ha fan de krisis is ek net mear hip. Oh ja! Kofje is ek út en tee is yn! Haha! Ik mei gjin kofje, juster in latte machiowatte? besocht. Net te sûpen.

Kaktussen binne yn en korrizearjend manneûnderguod ek. Dêr sakket my dus de broek fan ôf! Je sille mar in keardel tsjinkomme yn in grutte ûnderbroek dêr’t er in lekkerder kontsje yn krijt en syn bierbúk tinner troch liket! Derút mei dy sûch! Ik kin my net yntinke dat soks yn Fryslân bart. En op stap gean mei ferdjipping is ek sa 2014! Mar dat sjoch ik de measten ek net dwaan. Te djip yn it glês sjen bliuwt dan earder favoryt. Wat ik al moai fyn, is dat it solidêr wêzen yn in lytse rûnte yn is en sereniteit ek. Dêr hâld ik wol fan.

Op guon listen steane ek minsken. Sa as Miley Cyrus, yn myn eagen in freeslike neibauwer fan Madonna. Ik wit net mear of se yn of út is, mar as ik har op ‘e tillevyzje sjoch, doch ik him al út. Je sille der mar tusken stean mei je goede gedrach. Op in dei bepaalt ien of oare trendwatcher dat je yn of út binne en dan? Ik fyn mysels net yn en ek net út. Ik doch gewoan oan wat ik moai fyn, ik like wat ik leuk fyn, ik drink wat ik lekker fyn en in kaktus hoech ik ek net want ien fan myn katten fret alle blommen op. Ik tink ek wol kaktussen. It makket my dus neat út, wat yn is. En no is ’t út!