Dronkemanspraat

Op it Hûnekopfestival mochten wy fan de organisaasje fan it FEC nei de tiid by de útgong Spraakwetter ferkeapje en wy mochten de munten dy’t de minsken oer hiene omruilje foar jild foar ús goede doel. Hielendal super, dus. It wie in prachtich konsert! As in Bilker bin ik net grut wurden mei de mannen út ‘e Wâlden, dat ik koe eins dat hiele Strawelte net op it nûmer oer de mem fan Doutzen nei. Mar ik fûn it machtich! Ik ha wat mist eartiids.
Doe’t it ôfrûn wie, stiene wy dus yn ‘e hal mei de kroade fol fleskes en koe ús hannel losgean. Dat hawwe we witten! It wie beregesellich, mar de measten wiene aardich as in aap, blut, of kompleet yn ‘e war. Der wiene ek guon dy’t der rekken mei holden hiene, dy joegen ús jild of de munten, krigen in fleske (as twa) en dêr koene je mei prate. Mar it measte praat dat wy (trije froulju) om ‘e earen krigen wie dronkemanspraat. Efkes in kompilaasje:

‘Wat bisto in lekker wiif, wat kostet it asto mei my meigiest?’
‘Hoe is ’t mei dyn piipliedingen, binne se ferstoppe of streamt it noch troch?’
‘Kostet dat jild? Godferdomme!’
‘It giet net om jild, it giet om de seks.’
‘Ik wol yn dy kroade sitte!’
‘Wolst mei my trouwe?’
‘Kin ik dy ek keapje?’
‘In date yn ruil foar in fleske?’
‘In tongtút foar in fleske?’
‘Is de kroade ek te keap, dy kinne we moai brûke by it strjitmeitsjen.’
‘It is dat ik in frou en bern ha, oars wie ik mei dy troud.’
‘Wat hasto moai hier!… Moai hier…. Do hast ek ek al sok moai hier! Ik hâld fan moai hier.’

Der wie immen dy sjeesde oer de smoarge flier mei de holle tusken de fuotten fan ien fan ús om te sjen wat der ûnder it rokje siet. Altyd wat, dus. Se wiene oan it toutsjespringen sûnder tou, de kroade is gammel omdat se der net ôf- en útbliuwe koene dat wy hiene betiden hâlden en kearen. Mar wy hawwe in soad wille hân en in soad jild ophelle. Salang’ t it by praat bliuwt, eamelje wy wol mei en wat binne se noch romantysk, de Fryske mannen. We hawwe noch noait sa’n soad houliksoansiken hân as op it Hûnekopfestival yn it Fec. Mannen, we sille jimme nea ferjitte.