Fûgelmem

IMG_2919 IMG_2936

In pear wiken lyn krigen wy in lyts fûgeltsje yn in skuondoaze fan immen dy’t der net op passe woe/koe. Hy mocht bliuwe. Wy hawwe hjir al safolle jong guod grutbrocht, sa’n fûgel soe ek wol slagje. Einepiken, hinnepiken, guozzepiken, in reidhinnepyk … en no in jonge klyster. Hy krige de namme Piet.

Piet wie noch mar lyts en hie de hiele dei syn bekje iepen, om it heal oere hie er honger. In pykje is hast noch mear wurk as in poppe en se piipje de hiele dei. Mar hy die it goed en wie net bang foar de fjouwer hûnen en fjouwer katten dy’t ek yn ‘e hûs binne. Dy binne al safolle pykjes wend, as se de koai op ‘e tafel stean sjogge, tale se der amper mear nei. Mar as we der net by wiene, siet Piet yn syn koai en oars wie er gewoan los, want ja, hy moast ek fleanen leare en dat foel earst net ta. Dan goaiden we him yn ‘e loft boppe de bank en fladdere er wer earne hinne of we goaiden him fan de iene nei de oare en de lâning wie net altyd like sacht.

In hiele aardigheid, dus. Mar Piet skyt de hiele dei dat we ferslite hjir op ’t heden hiel wat fan dy wiete doekjes fan de Lidl. Piet mei ek graach yn’t bad sitte en lêst ha ’k in echte fûgelkoai foar him helle by de kringloop omdat er altyd noch yn in caviakoai siet. Dat fûn er earst nuver! Mar nei in dei wie er der oan wend en siet er op it stokje. Jûns nei njoggenen jout er him del, dan giet er yn ‘e koai mei in doek deroer en dan hearre we him net mear.

IMG_3013 IMG_2979

Hy lústeret ek nei syn namme. Soms kinne we him net fine en as we him dan roppe, pipet er en no’t er goed fleane kin, fljocht er nei je ta. It blauwe bakje dêr’t syn iten ynsit, wjerkent er ek as de bêste en as er tefreden is, makket er in hiel skâttich lûdsje. Wy binne wiis mei Piet en ik leau hy ek mei ús mar hy sil dochs wolris de frijheid temjitte moatte. Juster wie it knap waar, doe ha’k him mei nei bûten nommen. Dat fûn er earst hiel frjemd en hy trille as in blêd oan ‘e beam. Hy bleau ek moai by my yn ‘e buert en neidat er in pear kear troch de tún flein hie, ha ’k him mar wer meinommen yn ‘e hûs.

piet bûten

Hjoed hat er wer nei bûten ta west en it gong al wat better mar hy bliuwt tichtby hûs. Doe’t ik de wask ophong, kaam er op de line sitten en letter ha ’k him wer yn ’e hûs setten. Ik hie it drok en Teunis ek en doe’t wy fuort moasten, koene we him nearne fine en we hearden him ek net. Teunis tocht dat Sjonny him opfretten hie, mar dy lei langút yn ‘e sinne. We binne mar fuortgien en doe’t ik nei in pear oeren thúskaam, wie er der noch net.

Ik gong nei bûten. Miskien wie er dochs fuortflein omdat de doar net goed ticht wie. Ik ropte him en ja! Hy pipe lûd en siet op in hok op de jachthaven. Doe’t er my seach, fleach er nei ús hûs en letter nei my ta. It is hiel in bysûnder bist en ik fiel my echt in fûgelmem. Hy sil ea it nêst wol ferlitte, mar miskien bliuwt er ek wol yn ‘e buert. En as ik op ‘e dyk lûd om Piet rop, dan witte jimme no wa’t ik bedoel .

It bliuwt dochs je fûgel, hin.