Flammen

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik. Betty sil dêr in grutte rol yn spylje en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Wisberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar it wurdt in ûnferjitlike dei. Yn mear as ien opsicht.

‘Krektlyk as it earste boek, hie ik ek dit …yn in sucht út. As Hilda op ‘e tekst is, dan fljochst yn it ferhaal mei. Gjin drege wurden, gjin ûnbegripelike lange sinnen, gjin mislearre pogingen om ‘literêr’ te wêzen. Nee, opnij in hearlik fuorthappend boek. It ferfolch op de Twadde Hûd, wêryn ‘t wy al yn ‘e kunde kamen mei Elske, Sjoerd, Lys, Peter en Ronny en noch in hanfol oare ynwenners fan it doarp Frisum. Allegearre doarpsfiguren, sa as wy se yn ús eigen doarpen ek mei de noas wol oanwize kinne. Pyt Prúkje, Betty Blubber, Durkje, om der mar in pear te neamen. Yn Flammen leare wy dizze minsken in stik better kennen. En dêr leit ek drekst al de grutte feroaring: wie it earste boek yn sekere sin noch wat flak, as it om de persoanaazjes giet, en wie it benammen inte op in hiele trits spannende saken dy ‘t elkoar yn rap tempo opfolgen, yn it twadde diel is der romte makke om de karakters út te djipjen. En foar wa’t no benaud is dat soks de snelheid fan it boek oantaast: nee. Dat is it knappe fan Flammen: der bart op syn minst like folle as yn De Twadde Hûd, mar wy begripe ek wêrom ‘t de minsken dogge, sa as se dogge. Prachtich. Fansels, as je kritysk binne: der bart mei in hiel pear persoanen mear yn in jier, as normaal yn in hiele doarpsmienskip yn in hiele generaasje. Mar wês no earlik: soene jo it boek noch leuk fine as der noch wit-ik-hoefolle oare persoanaazjes yn opfierd waarden en it boek 500 siden tsjûker wie, om genôch tiid tusken de ferskate barrens te kreëaren? Nee, fansels net. Dan wie it gewoan in saai boek. No is it pyklit om ferhipte fleurich fan te wurden. Is der dan ek noch wat mis? Ja. Diel trije is der noch net. Dat is der mis.’ Martsje de Jong

 

Bestelle