It Geloksbern

As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy’t noch net goed genêzen is. Elske besiket har op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim like rau en rûch as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôf hâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lyk as altyd, it feest.

‘Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêr’t in protte yn bard. Boeiend fan begjin oant ein.’

 

 

Bestelle