Blog @fr

Friesland College

Ien fan ús soannen sit krekt op it Friesland College en hy wist net seker oft er hjoed les hie. Syn klasgenoaten út it doarp soene net nei skoalle omdat de learaar in pear wiken lyn sein hie dat de les miskien oer twa of trije wiken wer begjinne soe en dat is no sa’n twa wiken lyn. Oant no ta hat nimmen dêr in dúdlik antwurd op jaan kinnen.

It wie net echt waar om te fytsen en bussen ride net dus dan hie ’k him bringe moatten. Mar stel dat de les net trochgong… dan hie ’k him wer helje moatten. Dus ik belle mei skoalle en dêr koene se my neat fertelle. Ik ha in briefke mei in nûmer fan de studinte-administraasje mar dy frou wist neat en woe my ek net trochferbine. It like har mear in ‘gerucht’ en dan koene we der mar better fanút gean dat de les wol trochgong.

Ik frege om it nûmer fan de coach mar dat woe se my ek net jaan wylst ik him in pear wiken lyn alris belle ha en se my fia dit nûmer trochferbûn hiene. Ik frege him doe oft it wier wie dat de bern op tongerdeis frij hiene en dat it wol handich wie as se ris wat dúdlikheid krigen. Neffens him hiene se net frij, mar it wie dus al sa.

Ik ha niis mar wer it nûmer fan de studinte-administraasje belle want de heit en mem fan oare klasgenoaten wisten ek neat. Ik krige in oare frou oan de tillefoan en dy koe my wol trochferbine mei de ôfdieling dêr’t it omgiet. Mar ik waard trochferbûn mei de moade-oplieding en net mei engineering. Dêr soene se my wer trochferbine, mar der naam net ien op. Doe krige ik sels it nûmer, mar der naam wer nimmen op.

No freegje ik my ôf hoe’t se ea dy bern wat leare sille as se sels neat witte.

Lêzersfeest ‘Wyn fan feroaring’

2015-04-015

Juster hiene we it lêzersfeest om te fieren dat Wyn fan feroaring útkommen is. Ik soe de presentaasje yn ‘e tún hâlde en dêrnei noch efkes te farren op de Ouwe Piet, ús folchboat mei it skûtsjesilen. Mar fansels moast it wer reine, dat doe hawwe wy alles mar op ‘e boat dien. It wie efkes ymprovisearjen mar de Ouwe Piet is altyd gastfrij en it wie lekker waarm yn it rom.

In lêzersfeest omdat ik wiis bin mei myn lêzers! Der wiene ek froulju dy ’t ik noch net earder sjoen hie mar dêr’t ik mei yn kontakt kommen bin omdat se myn boeken sa moai fine. Ik hie it eins te drok om in leuk petear mei immen oan te gean mar ik fûn it fantastysk dat eltsenien der wie.

Myn meilêzer Martsje de Jong hie in prachtich ferhaal oer Wyn fan feroaring, dat sy fansels al lêzen hie. Ik ha altyd in soad oan har kommentaar en fyn it fijn dat se my bystiet mei goede ried. Jitske Visser die út ‘e doeken hoe’t wy elkoar kennen leard ha by it skûtsjesilen. Se wie doe skipper en wy leine mei ús skûtsjes by de pier op ‘e Lemmer. It wie in bysûnder ferhaal oer in jonkje en in famke en yn dit gefal is it famke Jitske har papegaai en it jonkje ús jongste soan. Myn útjouwster Jitske Kingma hat ferteld wêrom ’t se fynt dat myn boeken it wurdich binne om in grut publyk te berikken en sy is ek altyd in grutte stipe foar my. In boek skriuwe en útbringe is in hiele wei en dan is it sa weardefol dat je de goede begelieding krije. Mar in boek is net ôf as der net in omslach omhinne sit en de prachtige foto’s dy ‘t dêr op steane, binne makke troch Charles Storm en Marijke Talsma.

Ik wol eltsenien betankje dy ’t my holpen hat mei it boek en dy ‘t juster west hawwe, ek de minsken dy ’t net komme koene mar al graach it boek ha wolle. Tank foar de blommen, kadootsjes, leave wurden en de gesellichheid, Jolanda en Tineke foar it meitsjen fan de foto’s en ús mem foar it setten fan de kofje. It rûn as in trein, de ôfwask wie dien, it bier wie op en it doel om rûn in oere as fiif op te hâlden, hawwe wy net helle. De lêsten binne om healwei njoggenen nei hûs ta gien mar wol mei harren earste Fryske boek!

Me, Mindert en Parelli

mindert hilda 2.3 mindert 4 mindert pedestal
Moandei komt Mindert wer thús. In bysûnder leaf en galant hynder. Hie er in man west dan soe er de doarren foar my iepen hâlde, blommen foar my keapje en de stoel foar my oanskowe. Mar stel dat der eat aakliks wêze soe, sa as bygelyks in plestik pûdsje dat omheech waait op ‘e dyk of noch slimmer, in blêdsje yn ‘e beam dat risselet … dan soe er der gau fan trochgean en my net beskermje foar dat gefaar.

Dus gong er lêst mei my op ‘e kletter doe’t der twa fan dy freeslike geweldiedige meunsters op race-fytsen achter ús oansieten. Alles bêst, mar hy lit him fansels net opfrette en dat ik op syn rêch siet, wie bysaak. Mar dêr tocht ik oars oer. Ik bin gjin doldryst jong frommes mear fan 16 jier en seach de needsaak der wol fan yn om mei him op kursus te gean. Want sa rêstich as ik fan him waard as er gewoan thús wie, sa nerveus waard ik betiden fan him as we de dyk út wiene. Myn oare hynders kinne ek wol skrikke, likegoed we dat sels ek kinne. Dat is in momint en dan is it wer oer. Mar Mindert stie faak ûnder in soarte fan heechspanning en dat wie nij foar my. Ik wist net hoe’t ik dêr mei omgean moast.

Ik wie altyd al ynteressearre yn Parelli. It is in ‘way of live’ mei hynders. Je binne mei je hynder dwaande mar eins mear mei jesels. It hat alles te krijen mei respekt en liederskip sûnder eangst en geweld. It is konfrontearjend en betiden hiel dreech omdat je ynearsten lang net alles begripe. Mar no begryp him better, ik kin syn lichemstaal better lêze en hy krijt hieltyd mear fertrouwen yn my. Der bart geastlik ek in soad mei it hynder. Se krije ferantwurdlikheid en moatte neitinke.

Mindert wie hiel skeptysk as der wat fan him frege waard. Dan bouwde er sa’n spanning op en siet er al gau op de adrenaline. Hy kin de karre net allinnich lûke, hy hat stipe nedich. We hawwe in hiele soad grûnoefeningen dien, bassearre op de ‘7 games’. No sit ik yn it seal en meitsje we in begjin mei de ûntspanning as ik op him ryd. Ik ha him ek noch mar sûnt oktober en wy hawwe alle tiid. ‘Take the time it takes so it takes less time,’ seit Pat Parelli en: ‘Find out what happens before what happens happens.’

Mindert stiet yn Makkingea by Eef Veenstra. Sy is Parelli-ynstruktrise en hat in prachtich plak foar de hynders mar ek foar de kursisten. Fakkundich, gastfrij en alles bart mei respekt, sawol foar minsk as bist. Der wurdt net raast, skopt of slein. We meie net iens klakke mei de tonge. It draait allegear om de goede kommunikaasje en om it karakter dat dyn hynder hat. Ik sit yn in groepke mei twa oare froulju en we hawwe trije hiele ferskillende hynders, dus de oanpak is dan faak ek krekt wat oars. In hynder as Mindert hat tiid nedich, wylst in oar hynder wer mear útdaging nedich hat. Us Parelli-avontoer yn Makkingea is nei dizze wiken noch lang net ôfrûn mar ik bin al bliid dat er wer thús komt.

Nederlandse versie:

Maandag komt Mindert weer thuis. Een bijzonder lief en galant paard. Zou hij een man zijn, dan hield hij de deuren voor me open, kocht hij bloemen en zou hij de stoel voor me aanschuiven. Maar stel dat er iets engs zou zijn, zoals bijvoorbeeld een plastic zakje dat omhoog waait op de weg of nog erger, een blaadje aan de boom dat ritselt … dan zou hij er snel vandoor gaan en mij niet beschermen voor dat gevaar.

Dus ging hij laatst met mij op de loop toen er twee vreselijke gewelddadige monsters op racefietsen achter ons aanzaten. Alles best, maar hij laat zich natuurlijk niet opvreten en dat ik op zijn rug zat, was bijzaak. Maar daar dacht ik anders over. Ik ben geen doldrieste jonge meid meer van 16 jaar en zag de noodzaak er wel van in om met hem op cursus te gaan. Want zo rustig als ik van hem werd als hij gewoon thuis was, zo nerveus werd ik vaak van hem als we op pad waren. Mijn andere paarden kunnen ook wel schrikken, net zoals we dat zelf ook kunnen. Dat is een moment en dan is het weer voorbij. Maar Mindert stond vaak onder een soort van hoogspanning en dat was nieuw voor mij. Ik wist niet hoe ik daar mee om moest gaan.

Ik ben altijd al geïnteresseerd geweest in Parelli. Het is een ‘way of live’ met paarden. Je bent met je paard bezig, maar eigenlijk meer met jezelf. Het heeft alles te maken met respect en leiderschap zonder angst en geweld. Het is confronterend en vaak ook moeilijk omdat je eerst lang niet alles begrijpt. Maar nu snap ik Mindert beter, kan ik zijn lichaamstaal beter lezen en hij krijgt steeds meer vertrouwen in mij. Er gebeurt geestelijk ook veel met het paard, ze krijgen verantwoordelijkheid en moeten nadenken.

Mindert was sceptisch als er wat van hem werd gevraagd. Dan bouwde hij zo’n spanning op en zat hij al gauw op de adrenaline. Hij kan de kar niet alleen trekken, hij heeft steun nodig. We hebben veel grondoefeningen gedaan, gebaseerd op de ‘7 games’. Nu zit ik in het zadel en maken we een begin met de ontspanning als ik op hem rijd. Ik heb hem ook nog maar sinds oktober en we hebben alle tijd. ‘Take the time it takes so it takes less time,’ zegt Pat Parelli en: ‘Find out what happens before what happens happens.’

Mindert staat in Makkinga bij Eef Veenstra. Zij is Parelli- instructrice en heeft een prachtige plek voor de paarden maar ook voor de cursisten. Vakkundig, gastvrij en alles gebeurt met respect, zowel voor mens als dier. Er wordt niet geschreeuwd, geschopt of geslagen. We mogen niet eens klakken met de tong. Het draait allemaal om de goede communicatie en het karakter wat je paard heeft. Ik zit in een groepje met twee andere dames en we hebben drie hele verschillende paarden, dus de aanpak is vaak ook net iets anders. Een paard zoals Mindert heeft tijd nodig, terwijl een ander paard weer meer uitdaging nodig heeft. Ons Parelli-avontuur in Makkinga is na deze weken nog lang niet afgelopen maar ik ben wel blij dat hij weer thuiskomt.

Fuck it!

Fuck it! We moatte ús ljocht shine litte en mear fan sokke shit. Ik kom it op’t heden wol gauris tsjin op facebook. Jonge froulju dy ’t allemachtich goed binne yn marketing en coaching mei in hege omset en dat graach diele wolle. As je harren paad folgje dan stiet dat garant foar súkses en in dikke bank-rekken. Dan binne je net mear bang en ûnseker en kinne je de hiele wrâld oan.

Mei fokus en faasje tonnen fertsjinje want dan binne je de man … eh, frou. Mar as ik soks tsjinkom, tink ik altyd oan froulju dy ’t echt wat foar oaren betsjutte. Ferpleechsters, leararessen, oppasmemmen, froulju yn ‘e thússoarch of in ferpleechtehûs, ensfh. Dy fertsjinje gjin fermogens en hawwe faak ek noch noed oft se harren baan wol hâlde. Swier wurk en hieltyd minder tiid foar wat yn myn eagen sa wichtich is: Oandacht en in lústerjend ear.

Dizze froulju hearre je en sjogge je net. Dy komme ek net yn ien of oar glamourblêd want dêr sille se wol net hip en ryk genôch foar wêze. Dy blêden steane hjoed de dei fol mei súksesferhalen oer ‘modemeisjes’ en bloggers. Mei miljoenen folgers meitsje se de hiele godgânske dei foto’s fan harren sels en se reizgje de hiele wrâld oer. En fansels kin sa’n moademem har karrière hiel goed kombi-nearje mei bern. Klaaid yn ‘e hipste klean, mei it bern as in aksessoire op ‘e heup fertelt se grutsk dat se moarns de tiid nimt foardat se it bern fuortbringt en dan hat se jûns nei it iten noch wol in skoftsje om der mei te boartsjen. Alles ûnder kontrôle.

Hip, hipper, hipst. It bern degradearre ta in aksessoire. De trije R’s steane hjoed de dei foar in hiele soad bern foar Rits, Rats, Roets. De rêst hat de mem sels as se de bern hiele dagen fuortbringt, de reinheid soarget de poetsfrou wol foar en se sit regelmjittich by de kapper en yn it fleantúch nei wer sa’n wichtige moadeshow. Of klanten te winnen op facebook. Programma’s foar in fermogen besykje te ferkeapjen sadat we allegear ús ljocht oer de wrâld shine litte kinne.

Bin ik jaloersk? Nee. Ik begryp it gewoan net mear. En tefolle ljocht is my ek al gau te fel oan ‘e eagen.

Drave

Ien fan ús jonges siet ris mei heit yn ‘e auto en hy sei ûnderweis: ‘Heit, dy froulju ha seker net in soad te dwaan.’
‘Hoesa, jonge?’
‘No, se rinne altyd.’

Ik moast der wol om gnize doe ‘k it hearde. Froulju rinne yndied in protte, je komme se oeral tsjin. Mar ik fyn it ek hearlik om te dwaan. Hurddrave doch ik net. Ik ha minne knibbels en sit leech yn myn izer en ferritine. Dat is in erflike kwaal en ik rêd my der wol mei mar it is net geskikt om je dan bot yn te spannen. Eartiids draafde ik wol en ik fuotballe mar dan hie ik altyd slim pine holle nei de tiid.

Alle minsken hawwe harren eigen manier fan rinnen. As ik in blok omgean mei de hunen dan werken ik faak yn ‘e fierte de persoanen al dy’t my temjitte komme oan it loopke dat se hawwe. Dat is mei it hurddraven ek sa, mar wat my dêr by opfalt is dat ús soarte fan minsken meastal net echt moai drave kin. Donkere minsken wol. Dy drave sierlik en atletysk. By blanke froulju liket it gauris oft se der noch in stikje yn ha (ha ’k net sels betocht, mar doe’t ik it hearde begriep ik it drekt) en fan in soad manlju soene je betiden swarre dat se der elts momint by del donderje kinne. Mei it swit op it gebit ploegje se oer it fytspaad as in oaljefant troch de woestyn.

Nimt net wei dat ik der bot respekt foar ha, ik woe dat ik it koe en it skynt echt ferslavend te wêzen. Dat draaf allegear mar fleurich fierder, dan gean ik noch in blok om mei de hunen. En as ik al drave soe, dan hie it ek gjin gesicht west. Ik draaf wolris om ‘e tún mei de hynders achter my oan mar dat sjocht lokkich net ien. Wat wol barre kin, is dat jimme my nochris draven sjogge op Mindert, in swarte Fries. Dy binne ek sierlik en atletysk en dan liket it teminsten noch wat.

fries paard

Willem Wâldpyk

hilda en willem w

Ik wie ferline wike yn Burgum om te praten oer myn boeken. It wie in tige gesellige jûn en ik wie op ‘e tekst oer de boeken, it skriuwen en wat der allegear by komt sjen. In hiele soad, wit ik no út eigen ûnderfining.

Yn earsten moatte je ideeën en trochsettingsfermogen ha om in ferhaal op papier te krijen. Dan in goede útjouwer fine en dy ha ik lokkich fûn. Jitske Kingma fan Elikser lit my yn myn wearde en stipet my altyd. Se is it type net lulle mar poetse en sa bin ik ek.

As in boek útkomt moatte je der eins ek wat bekendheid my krije. It is op himsels wol handich as oare minsken ek witte dat it der is. Doe’t myn earste boek útkaam, stiene der yn dy perioade in oantal negative stikken yn ‘e krante oer de Fryske skriuwerij. Oer dat der hieltyd minder minsken Frysk lêze, dat útjouwers der mei ophâlde, dat boekhannels amper mear Frysk ferkeapje, ensafh. Dan soene je sizze dat elts Frysk boek dat útkomt de muoite wurdich is om te promoaten mar sa wurket it net.

Fansels kinne je dêr in hiele soad sels oandwaan en dat moat ek. Mar as in boek útkomt wurdt it ek oeral hinne stjoerd mei in parseberjocht, allinnich amper in harses dy’t der op reagearret. No wit ik wol dat je soks ek opbouwe moatte en dat neat fansels giet, mar ik bin der sa stadich oan ek wol achter dat de gunfaktor net by eltsenien like heech is. Dêr hat Willem gjin lêst fan, hy gunt in oar alles en dat fiele minsken.

Ik kaam yn Noardewyn live nei in oprop foar de simmerfakânsje dat je earne reklame foar meitsje mochten en doe wie It Geloksbern hast klear. Willem wie drekt posityf en it wie in moaie ûnderfining ris by him yn ‘e studio te wêzen. Wat in enerzjy en hy lit ek alle minsken yn har wearde. Dêrnei kaam ik faker en it moaie fan Willem is dat er ek hiel maklik benei te kommen is. Hy stiet net boppe de minsken, je steane op ‘e selde hichte. Hy is echt begien mei de Fryske kultuer en syn entûsjasme is oansteklik.

En wat hat dat no mei Burgum te krijen? Dat is hiel grappich want ik fertelde dêr it boppesteande ferhaal en frege oan ‘e froulju oft se Willem Wâldpyk wol koene. Doe die bliken dat syn mem ek yn ‘e seal siet. Dat wie in prachtich momint en it is echt spitich dat er allinnich de freeds oerhâldt want de krêft achter Noardewyn is Willem.

Moai man

Ik seach ferline wike nei How to look good naked. Froulju dy’t net tefreden binne oer har liif rinne úteinlik yn linzjery oer in catwalk en komme op ‘e tillevyzje sadat we allegear meigenietsje kinne mei de frustraasjes oer fetrollen en blubberbuken, dy’t yn myn eagen meastal wol tafalle. De presentator docht it leuk en it liket wol oft it helpt. Mar wat ik net begryp, is dat in man amper mear oan syn frou komme mei omdat se har skammet mar dan wol de klean útdocht foar in frjemde presentator neidat er in pear kear seit hat dat se prachtich is, wylst har eigen man dat altyd al fûn.

De frou fan ôfrûne wike wie ûngelokkich mei har liif neidat se in bern krigen hie. De kilo’s woene der net ôf en se die amper muoite mear om der leuk út te sjen. Dus waard se dêr mei holpen en se moast fansels ek in oare bh om ha. Dat is altyd sa’n tastân en geheister. Se moatte der moai ynfalle, mar it is gjin garânsje dat se der ek yn bliuwe. En sa túgje je de djoerste bh’s oan dêr’t se like hurd wer útrûgelje ûnder it stofsûgjen.

Dat die my tinken oan de mutsen fan boer Tom. Mutsen mei in grutte sjaal om wat ek hielendal net praktysk is. Mei sa’n sjaal kinne je net wurkje of bûgje en it is ek noch gefaarlik mei al dy masjine’s op sa’n bedriuw. Om it hert fan Tom te winnen, hiene se better op ‘e knibbels yn ‘e drek falle kinnen yn in overall. Je seagen it him tinken en hy hie it noch sein, mar nimmen dy’t it snapte want se woene der moai útsjen. Mar dat is net altyd foldwaande en wat is ‘moai’?

Der is yn myn eagen neat moaier dan in man dy’t fan syn frou hâldt en har goed fynt sa’t se is. Dat er har sels noch oantrekliker fynt omdat se mem wurden is en har sjocht sa’t se werklik is. It is net altyd sa dreech as in hiele soad froulju tinke. In boer sjocht de skientme fan in frou echt wol yn in overall. En de man út How to look good naked wie sa wiis mei syn frou, mar dat wie net genôch.

It programma gong oer har mar ik seach him en dat fûn ik it moaiste om te sjen.

Fatsoen

downton_abbey_by_luthienmuse-d57586u beshine

Ik fyn Downton Abbey moai en dan meinammen de rêst dy’t der fan útgiet. Dat sil wol te meitsjen hawwe mei de tiid dêr’t soks him yn ôfspilet. Ik sil net sizze dat it doe better wie mar rêstiger wie it grif al. Utsein de húslike sitewaasje mei al dat persoaniel dat omspaande yn sa’n hûs, mar it soe ek hiel saai en leech wêze sûnder al dy minsken.

As je út in foarname famylje kamen as famke, moasten je de tiid slite mei teeleute, lêze, borduere, eamelje en de fraach fan ‘e dei wie mei wa’t je trouwe moasten. En dat wie net altyd út leafde. Alles draaide ek om etikette. Hoe’t de tafel klearmakke waard, omklaaie om elts wissewassje, hokker leppel by hokker gerjocht, hoflik en galant wêze mar ûndertusken wiene it fansels ek mar minsken mei ferlangens en frustraasjes. Seks foar it houlik wie in skande en prate oer seks wie not done. En kamen je net út in goede klasse, dan wie it dreech om hegerop te kommen yn it libben.

Neidat ik wer in ôflevering sjoen hie, woene de bern tillevyzje sjen en doe kamen wy út yn ‘e no-tiid mei Zon, zee en zuipen. Dat gong ek oer Ingelske froulju. Wat ik net begryp as ik soks sjoch, is dat we no yn in tiid libje dêr’t alles mooglik is en it dan sa raar gean moat. As frou binne je hjoed de dei, yn de measte gefallen en de Westerske maatskippij, lykweardich oan de manlju en elkoar. Je kinne studearje, wurkje, stimme, troch it glêzen plafon brekke en alles leit iepen en bleat op ‘e strjitte … mar guon nimme dat wol hiel letterlik.

Se hawwe amper klean oan en sûpe safolle dat se op ‘e dyk lizze te koarjen. Se naaie mei Jan en alleman, flokke en raze. De lju dy’t eartiids opkommen binne foar de rjochten fan de frou soene harren neffens my omdraaie yn it grêf as se wisten dat it sa need gean soe mei in hiele soad. In bytsje mear fatsoen, klean en etikette soe dan wol wer op syn plak wêze. Ik kin my wat dat oanbelanget ek sa fernúverje oer pop ‘idoalen’ sa as Madonna, Beyoncé, J.Lo en konsorten. Se dogge oars net as mei de fuotten wiid sitte en mei harren konten draaie yn miniskule outfits mar hawwe de grutste muoite oan ‘e man te bliuwen.

Hokker normale frou sit no de hiele dei mei de fuotten wiid op ‘e stoel of mei har kont te draaien, freegje ik my dan ôf? En as Miley Cyrus werris topless op in foto stiet of leit te ‘masturbearjen’ op it poadium, dan giet it de hiele wrâld oer. Dan ha ’k it noch net iens oer de Kardashians of de frou mei de grutste boarsten. Is dat no in byld dat je as frou noch delsette wolle hjoed de dei? As je sizze dat je graach thús wêze wolle by de bern doge je sa stadichoan net mear mar as je healneaken op in poadium omhuppelje en alles opspuitsje litte, binne je in soarte fan rolmodel yn ‘e media.

En wêr binne de mannen yn dit ferhaal? Ik tink dat dy it net slim fine dat froulju yn miniskule outfits mei harren konten draaie en mei de fuotten wiid sitte, salang’t it harren eigen dochters mar net binne. Of it moat foar in playbackshow wêze en dan sitte pake en beppe ek foaroan. Sa fyn ik it net slim om nei de Chippendales te gean en is der eins net folle mear dat my sjokkearret. En troch benammen it ynternet wit ik dingen dy’t ik leaver net witte woe.

Dochs twivelje ik der hieltyd faker oan oft it allegear wol sa normaal is en dêrom sjoch ik graach nei Downton Abbey dêr’t de froulju noch klean oanhawwe en de mannen hoflik binne. Dêr’t de muorren earen hawwe mar it measte achter sletten doarren bliuwt. Net alles dat modern is, is in ferbettering mar miskien wurd ik sa stadich oan ek wol in âld wyf.

1 2 3 4 7  nei boppe ta