Blog @fr

Belutsen

Aardehart

Jierren lyn lies ik gjin kranten. Doe rekke ik ris yn petear mei immen dy’t dat mar asosjaal fûn want dan wiene je net belutsen by de maatskippij.
Dy persoan lies sels wol alle dagen de krante, ek om solidêr te wêzen mei de minsken dy’t it minder hiene en yn dy kranten stiene. Dat woe der by my net yn. Under it itensieden de krante lêze en wilens prate oer dat it sa slim is dat se earne oars ferhongerje? Of lekker waarm en feilich yn je eigen bêd lizze yn ‘e winter en it sneu fine foar de dakleazen dy’t befrieze? Binne je dan echt belutsen by de maatskippij?

It is lekker maklik om fanalles te roppen. Mar as je it sa slim fine dat minsken ferhongerje, kinne je dan net better 1000 liter sop siede of de fiedselbanken stypje? En lit dan dy dakleazen yn je caravan sliepe en fang in pear fan dy earme striethûnen op. Set in aksje op tou, reizgje nei earme lannen om skoallen en sikehuzen te bouwen. Sokke minsken binne der. Dy jouwe hjir alles op om in oar te helpen. Mar tichter by hûs is ek genôch illinde en in soad te dwaan.

En no it terrorisme. Fannewike is eltsenien Charlie, wylst de measten wierskynlik ferline wike noch noait fan Charlie heard hiene. It is freeslik wat der bart en bard is, mar wat kinne je dêr no konkreet tsjin dwaan? Je caravan útliene oan in dakleaze liket my minder gefaarlik as sa’n terrorist in draai om de earen jaan. Der wurdt demonstrearre en meilibbe mei de slachtoffers. It is allegear goed bedoeld en eltsenien is like fertrietlik, mar ik wit earlik sein net wat we der oanhawwe as it Saailân fol stiet en de boargemaster in taspraak hâldt wylst de grutste machthawwers yn ‘e wrâld net earlik en oprjocht binne.

Ik lês tsjinwurdich al kranten en folgje it nijs. Ik bin no ek ‘belutsen’ … by in gewelddiedige en ûnearlike maatskippij dy’t achter de skermen folslein ferrot is en dy’t ik folslein net begryp. Ik bin Hilda. En ik wit net wat ik dwaan moat.

The Chippendales

001-001

Wat begûn as in grapke einige justerjûn yn it teater yn Snits yn in hiele gesellige en leuke jûn mei fjouwer oare froulju dêr’t ús mem ien fan wie. Wy hawwe The Chippendales sjoen! Op it balkon, mar se wiene net te beroerd om dat ek efkes oan te dwaan.

Ik fûn it leuk! De show wie goed, se sjonge, dûnsje, binne linich en sterk. Se litte net alles sjen en sa no en dan hellen se froulju út it publyk. Dy moasten wol ‘mei de billen bleat’. Alles waard al brocht mei in soad humor en de nuchtere Fryske froulju kinne raze en joelje om it libben.

It wiene ek kreaze en spontane mannen. Wol gespierd, mar net te bot. Wy hawwe der mei in soad foldwaning nei sjoen. Ik ha der wol respekt foar, krekt as foar dy topmodellen. Dy moatte in dissipline hawwe om sa’n sterk en ôftraind liif te krijen, oars rêde je dat net op.

Ik fyn sokke mannen net opwinend want ik ha der fierder neat mei. Ik ken se net persoanlik en wit net hoe’t se binne. Ik besjoch it mear as in goed ûnderholden objekt, krekt as in hûs dat moai yn ‘e ferve sit of in tûn dy’t goed ûnderholden is. En alles wat goed ûnderholden is, kostet in soad wurk, tiid en enerzjy.

Ik ha dan ek besluten myself wer better te ûnderhâlden. De riem sit wat strakker nei al dy desimberfretterij en dat moat mar oer wêze. Uteinlik fiel ik my der net sûner troch. Mar dan moat ik al myn bêst dwaan en de dissipline opbringe om wer te sporten en fan ‘e bank ôf te kommen, by de houtkachel wei. In moai foarnimmen foar takom jier en dat mei tank oan The Chippendales.

En de oare kear wolle we graach foaroan sitte.

Sirkus

It sirkus wie yn Warten it ôfrûne wykein! In moaie tinte op it sportfjild mar yn earsten witst net ien it. Krekt foardat it begûn, hongen der posters yn it doarp en ik ha der juster hinne west.

We sieten foaroan en ik siet neist Gorrit en Teunis. Gorrit (in jier of 68?) en Teunis (13). As Gorrit sei dat er siet te genietsjen, dan sei Teunis: ‘Wat stom.’ Mar dochs wiene der ek wol hiele leuke dingen, meinammen de hûnstjes en de man dy’t yn ‘e touwen hong. Fierder siet de spanning foaral in it feit oft it allegear goed gean soe of net want neffens my gong der hast alle kearen wol wat mis.

Efkes út lywicht, eat falle litte, in pony dy’t it krukje omgoaide en dy’t sûkerklontsjes krigen as se braaf wiene. Yn dat skoftsje dat wy dy bisten sjoen hawwe, hawwe se neffens my ek wol 5 krigen. Bin benijd wat de toskedokter dêr fan seit. De baarch woe amper sitte en mei in oare act fleach der in hoepel yn it publyk om de nekke fan in heit. Dat wie wol grappich en it famke dat de act die moast der sels ek freeslik om gnize. Nei de pauze gong it better en al mei al binne we tefreden nei hûs ta gien. De bisten stiene moai te iten op ‘e iisbaan dus ik tink dat de PETA dat net slim fynt, útsein de sûkerklontsjes miskien mar dêr sil ik gjin melding fan meitsje.

En fansels mochten der ek heiten en memmen út it publyk meidwaan en ik wie ien fan ‘e lokkigen. Neidat ik in dûnske dien hie mei heit Willem, moast ik by de clown achter op ‘e brommer en de brommer wie er sels. Hy gong foar my stean en bûgde in bytsje foaroer. Ik bin de benaudste net, ha wolris earder by immen achterop sitten dat ik sprong op syn rêch mar dat wie de bedoeling net, earm mântsje. Ik moast myn earms om him hinne slaan en achter him oandrave. It hat der grif fantastysk útsjoen en it wie wol leuk om foar aap te stean. Dan fine je ek altyd fan in oar.

sirkus

BREKBER

Brekber V LR Brekber A LR

In boek skriuwe is ien ding, mar dan moat it de wrâld yn, yn dit gefal de provinsje. Ik siet al in hiel skoft te tinken oan hoe’t ik it ha soe mei in boekpresentaasje, maar kaam net rjocht út ‘e ried en ûnder it genot fan in bakje tee by Abe kaam it idee fan in filmke.

Ik frege Henk, ús filmer út Warten en hy woe wol komme, dat sadwaande. In hiel skoft opnommen dêr’t fiif minuten fan oer bleaun binne, mar it wie alles útsein simpel. Der moast in soad knipt en plakt wurde en op de ien of oare manier slagge dat net. De kompjuter rûn fêst, alle kearen as we tochten dat it goed wie en we it opsleine, wiene de kleuren feroare en al mei al hat der safolle tiid ynsitten dat wy der sa stadich oan gek fan waarden.

Henk hie de namme falle litten fan in sekere Charles dy’t ek wol aardich oerwei koe mei de kamera en dizze man wennet krekt bûten Warten. Ik hie him noch noait sjoen of mei him praten mar koe him al fan facebook, dus ik ha him freedtejûn in berjocht stjoerd om te freegjen as er helpe woe. Juster ha ’k in pear oeren by him sitten en hy hat it filmke ôfmakke. Dat fûn ik hiel bysûnder en ik bin him dan ek hiel tankber. De kamera hie neffens him op de ferkearde stân stien mei it opnimmen mar hy hat him der mei rêden en ik stie der fersteld fan.

In boek moat ek in omslach hawwe en ik hie mar yn ‘e holle dat der in Fryske fôle op moast mei in sjaal om. Mar dy wie net te finen, dat wol sizze, in fôle dy’t sa nuet wie dat er dat talitte soe. Mar nei in oprop op facebook, wie dat yn in dei klear, Ik krige in soad tips, mar fan Froukje krige ik de namme fan in sekere Sietske út Doanjum troch. Sy hie in fôle dy’t de earste dagen fan syn libben mei de flesse grutbrocht wie, dat sadwaande hiel nuet en sy hat ek de prachtige foto makke. Ria út Warten hie de goede sjaal dy’t we brûke mochten en oars woe se wol ien breidzje en sa komme je mei elkoar in hiel ein.

Mar wat no sa bysûnder is, is dat ik dit ferhaal al yn ‘e holle hie doe’t ik it Geloksbern skreau en de haadpersoan fan dat boek is Betty. Doe’t wy nei Sardinië soene, wat no yn BREKBER foarkomt, en ik yn it Ingelks in mail stjoerd hie nei it plak dêr’t we hinne woene, krige ik in mail werom yn it Nederlânsk fan … Betty. Sy komt út Nederlân mar wennet dêr al jierren. De fôle mei de sjaal hjit yn it echt Theunis, krekt as ús jongste soan en de heit fan de haadpersoan út BREKBER hjit Charles … krekt as de man dy’t it filmke rêden hat.

BREKBER is in oar boek as de foargeande boeken. It ferhaal is wer ta my kommen en de haadpersoanen krûpe dan yn myn wêzen sadat ik harren soms dei en nacht op besite ha. It bliuwt in bysûnder proses dat skriuwen en de haadpersoanen út myn folgjende boek steane ek alwer te driuwen.

Omdat ik in soad te tankjen ha oan facebook, dat wol sizze oan de minsken dy’t der opsteane en al safolle leuke en weardefolle kontakten dêrtroch lein ha, ha ik besúten om der in faceboekpresentaasje fan te meitsjen. Miskien dan al mei in filmke dat opnommen is op de ferkearde stân, mar al mei de bêste bedoelings en positive enerzjy. Safolle leave minsken dy’t ree binne om te helpen is echt geweldich en dêrom sis ik út ‘e grûn fan myn hert: Tige tank! Dat jildt ek foar myn útjouwster Jitske en Martsje foar de feedback, Marijke foar de foto op ‘e efterkant en Evelien foar de foarmjouwing.

It filmke is hjir ek te sjen as je op dizze link klikke.

IFKS 2014

ifks lc 2014

Alwer in pear dagen thús nei in tige súksesfolle IFKS-wike. Ofrûne moandei stie yn it teken fan de wask en de boel opromje en omdat de bern hast wer nei skoalle moatte, wiene wy tiisdei om skoalspul mar doe krige ik soarte fan ynsinking. Beroerd en min dat sadwaande de hiele middei op bêd lein te sliepen. Wurch, of miskien dochs in firuske.

It is wol in hiele drokte sa’n wike mar ek machtich moai. It is allinnich wol sa dat as je op kampioenskoers lizze, de spanning mei de dei tanimt. En omdat it de lêste dei stoarmde, moasten wy hiel lang wachtsje en doe’t bliken die dat wy kampioen wiene, wie dat suver nuver. Dochs hat De Jonge Jan en bemanning it dik fertsjinne omdat se de hiele wike konstant syld hawwe en de wedstryd fan freed op ‘e Lemmer wie kampioensweardig. Wy sieten ús wer aardich op te fretten ûnder de wedstryd en guon bemanningsleden wiene suver beroerd fan ‘e spanning. De iene hat der wat mear lêst fan dan de oare mar it wie aardich stil ûnder it middeisiten en doe’t ik oan immen frege frege oft er ek senuwêftich wie, wie it antwurd: ‘Ja … no ja … tsja …’

It heart der allegear by en de ontlading op it slotfeest is dan ek ymmins. Der binne fansels mear skûtsjes dy’t kampioen wurden binne, of dy’t op it punt steane te promovearjen of te degradearjen. Ik kin my yntinke dat foar dy bemanningen de lêste dei aardich frustrearrend wie omdat se der net mear foar sile koene. It slotfeest is alle jierren wer in grut súkses mei moaie muzyk. Bier, heale hinnen, springe, dûnsje en gek dwaan mei sa no en dan in leuk petear.

ifks 2014 fonger en hylke ifks 2014 huldiging

Doe’t we wer yn Warten kamen, moasten wy om 17.00 oere by De Kok en de Walvis wêze foar de huldiging en we waarden binnen helle mei it Jonge Jan liet. Dat is altyd wol moai, as De Jonge Jan goed sylt dan wurd ik yn ‘e rin fan ‘e wike altyd belle mei de fraach as we kampioen wurde. Want as dat sa is, dan moat der op koarte termyn wat regele wurde fansels. Mar ek dit jier wie it wer spannend oant de lêste dei, dus ik kin dêr eins noait in sinnich antwurd op jaan. Dit jier hiene se in dei ekstra en it wie in prachtige en bearegesellige huldiging.

Mar oan alles komt in ein en ús bern fine it altyd spitich as it wer ôfrûn is. Ik fyn it wol wer fijn om nei hûs te gean en bin bliid dat wy net twa wiken hoege te silen. Dit is presies goed, we hawwe in geweldige ploech en altyd in soad wille mar nei oardel wike wol ik wol wer nei myn bisten en myn eigen bêd.

Wie der in minpunt? Ja, de reklames op de radio. Wy geane ek altyd mei in ploech nei de iepening fan de SKS en dan hawwe wy de radio oan foar it kommentaar. Doe sei al ien fan ús bemanningsleden dat dat it slimste wie fan de oankommende wiken, dy K! reklames de hiele dei troch. Wy hawwe de radio der om útsetten en dat wie suver in genot. It skûtsjesjoernaal wie wol wer leuk mar ik keapje fan myn libben net in bêd by …
Is der no net in kreatyf brein dat ús út dy illinde ferlosse kin?

ifks 2014 jelle en hilda

Fuotbalje?

Ik sjoch sa no en dan ek nei it fuotbaljen en kin echt genietsje fan in goede wedstriid. Ik fyn it moai as it tempo heech leit en der sportyf spile wurdt. Ik ha eartiids sels ek fuotballe en it wie echt kloate as je tsjinstanners hiene dy’t alles wiene, útsein sportyf. Us jonges hawwe fansels ek fuotballe. Ik ha noch efkes lieder west fan de B’s en letter by de F’kes en E’s. No fuotballet der noch mar ien, mar ik stean noch regelmjittich lâns it fjild.

Der wurdt al fan dy bern ferwachte dat se fatsoenlik fuotbalje. Dus net beethâlde, lûke, teckelje, slaan en bite. De bal moat yn it goal en dat dogge je mei de fuotten, in skoudertriuwke mei noch wol mar fierder hâlde we it netsjes. Betiden naait it der wolris út, mar echt mâl giet it noait. Dochs kin ik my noch goed heuge dat, doe’t ik noch lieder wie, wy ris fuotbalje moasten yn St. Anne. Dat wie in drama. Dy hiene de gewoante om myn jonkjes hieltyd tsjin ‘e ankels te skoppen en wiene sa gemien as tou. De iene nei de oare yn ús team gong ûnderút en ik hie op it lêst sa skjin myn nocht dat ik se hast út it fjild helje soe. Je wurde der sels agressyf fan en geane mei in rotgefoel nei hûs omdat it neat mei sport te krijen hat.

Dat gefoel bekrûpt my dus no hast alle kearen wer nei it sjen fan de WK. Folwoeksen keardels dy’t in fermogen ferstjinje mar op it fjild omdiedelje as in stel gemiene F’kes. Beethâlde, lûke, teckelje, slaan en bite yn it kwadraat. Lizzen gean as it sa útkomt en skrieme om it libben. De hannen jokje my gau ris en respekt kin ik der net foar opbringe. Se traine altyd, se soene dochs better witte moatte? Fansels bin ik foar Nederlân, sy binne ek net de iennichsten dy’t it dogge. Mar ik fyn der betiden amper mear wat oan.

voetbal wk 1 voetbal wk 3

As ik lieder west hie, hie ’k se de hannen op ‘e rêch fêstbûn en wa’t in oar mei’t sin skopt, krige ek in toutsje om ‘e fuotten. Gjin froulju op besite en al hielendal gjin seks foar de wedstryd. Droege bôle en in bakje tee en fierder de bek hâlde te janken. En wa’t om it hoartsje lizzen giet om neat, koe alle jûnen om sân oere op bêd.

Lokkich is de finale tagelyk mei ús doarpsfeest. Ik hoopje dat se in skerm yn ‘e tinte hawwe of op it terras en Stageline gewoan spilet. Dûnsjend it fuotbaljen sjen … it liket my wol wat ta. En dan mei om my it sportyfste team winne.

Regels

In pear jier lyn kaam ús jongste tusken de middei hielendal oer de toeren thús fan skoalle. Hy hie de sneins aaien socht mei in pear grutte jonges en dat hie er sa grutsk as in pau ferteld yn it kringpetear, mar hy sei dat it om swanne-aaien gong. Tafallich wie der doe ek in plysje op skoalle en juf hie it yn it skoft mei de plysje besprutsen. Doe moast er by de plysje komme en de nammen fan de oare jonges neamme. Hy wie der glêd mei oan en tocht dat de grutte jonges hiel boas wêze soene en dan mocht er noait wer mei. Ik ha mei de juf belle, sein dat it om guozze-aaien gong en doe wie se der sels ek wol wat mei oan. Dochs hiene we de jûns om sân oere twa plysjes om ‘e keukentafel. We krigen in warskôging en ik ha se ris oansjoen op in manier dêr’t Jelle noait sa bliid mei is. Ik moat der wol bysizze dat der letter in plysje belle hat om syn eksús oan te bieden, it hie sa net moatten. Mar doe wie it al bard.

Wy wenje no tweintich jier yn Warten en as it echt simmer is, is it hjir feest. De jeugd kin swimme, fiskje en farre en se swommen altyd by ús, by de brêge. Kloften jeugd en út en troch kaam de plysje wolris om in warskôging te jaan omdat se bygelyks fan de brêge sprongen, of noch moaier, út it brêgehokje wei. Ek hongen se wol gauris oan in boat of spatten se de minsken yn de boaten wiet. Mar dan ha ’k it net oer bern fan tolwe en trettjin jier. Farre mei in surfplank derachter is ek machtich en neffens my is der noait wat slims bard. Se sitte net yn speedboaten, hawwe gjin jetski’s en parasailing hawwe se hjir ek noch net útfûn.

De lêste jierren hoecht it mar in bytsje knap waar te wêzen en dan komt de plysje drekt op ‘e lap. Swimme by de brêge mei ek net mear en doe’t we noch net in oar swimplak hiene, hawwe guon bern alris in bekeuring hân, fan ik miende, € 90,-. Der hoecht mar immen te beljen en se steane hjir paraat om de jeugd in bekeuring te jaan. De ôfrûne wike hat Hylke € 130,- oan ‘e swimbroek krigen omdat er nei de oare kant farre soe dêr’t syn maten ek oanholden waarden omdat se in selsmakke houten plank achter in boatsje hiene. Beide € 230,- oan bekeurings krigen want yn Warten meist net wetterskieë. Wy litte it der net by sitte, mar it jout efkes oan hoe’t it hjoed de dei giet.

Wat my noch altyd freeslik dwers sit, is dat in pear jier ferlyn ús Zodiac stellen is en yn brân stutsen is. De motor meinommen fansels en wy hiene neat mear. We krigen in tip fan immen dy’t wol wist wa’t it wierskynlik dien hie en ik ha oanjêfte dien. We hiene in namme, in wenplak en wêr’t er wurke. In pear wiken letter krigen we in brief dat se der fierder neat mear mei diene, it wie gjin prioriteit. Dus as we hjir dan om elts skytwysjewasje de plysje om ‘e doar hawwe omdat dy bern boarstje, dan fleane myn stikels oerein.

De plysjes dy’t der juster wiene, wiene fierder bêst genôch. Aardige jonges dy’t gewoan harren wurk diene en de regels ek net betocht hiene. Doe frege in jonkje wa’t dy dan betocht, mar dat wit noait ien. Dat is altyd sa apart, amtners ha ek faak sok praat. ‘Wy witte dat it ferfelend foar jo is, mar wy hawwe de regels ek net betocht.’ Nee, mar dat der tefolle binnne yn dit lân is wol dúdlik.

Ik ha der yn alle gefallen skjin, mar dan ek skjin myn nocht fan dat de jeugd fan ús boartsjende bûtenbern ferpest wurdt troch al dit gedoch en sa krije se ek gjin respekt foar de plysje. Sa as wy hjir wenje, kin de jeugd noch avontoeren belibje en harren grinzen ferkenne mar op dizze manier is der net in soad mear oan. As der echt eat bart dat net kin, is it in oar ferhaal mar dit giet yn myn eagen te fier. Se moatte ophâlde mei al dy regels en tenei de dingen wat better regelje yn dit lân.

En aaisykje dogge se dochs wol.

Fûgelmem

In pear wiken lyn krigen wy in lyts fûgeltsje yn in skuondoaze fan immen dy’t der net op passe woe/koe. Hy mocht bliuwe. Wy hawwe hjir al safolle jong guod grutbrocht, sa’n fûgel soe ek wol slagje. Einepiken, hinnepiken, guozzepiken, in reidhinnepyk … en no in jonge lyster. Hy krige de namme Piet.

IMG_2919 IMG_2936

Piet wie noch mar lyts en hie de hiele dei syn bekje iepen, om it heal oere hie er honger. In pykje is hast noch mear wurk as in poppe en se piipje de hiele dei. Mar hy die it goed en wie net bang foar de fjouwer hûnen en fjouwer katten dy’t ek yn ‘e hûs binne. Dy binne al safolle pykjes wend, as se de koai op ‘e tafel stean sjogge, tale se der amper mear nei. Mar as we der net by wiene, siet Piet yn syn koai en oars wie er gewoan los, want ja, hy moast ek fleanen leare en dat foel earst net ta. Dan goaiden we him yn ‘e loft boppe de bank en fladdere er wer earne hinne of we goaiden him fan de iene nei de oare en de lâning wie net altyd like sacht.

In hiele aardichheid, dus. Mar Piet skyt de hiele dei dat we ferslite hjir op ’t heden hiel wat fan dy wiete doekjes fan de Lidl. Piet mei ek graach yn’t bad sitte en lêst ha ’k in echte fûgelkoai foar him helle by de kringloop omdat er altyd noch yn in caviakoai siet. Dat fûn er earst nuver! Mar nei in dei wie er der oan wend en siet er op it stokje. Jûns nei njoggenen jout er him del, dan giet er yn ‘e koai mei in doek deroer en dan hearre we him net mear.

IMG_3013 piet kooi

Hy lústeret ek nei syn namme. Soms kinne we him net fine en as we him dan roppe, pipet er en no’t er goed fleane kin, fljocht er nei je ta. It blauwe bakje dêr’t syn iten yn sit, werkent er ek as de bêste en as er tefreden is, makket er in hiel skâttich lûdsje. Wy binne wiis mei Piet en ik leau hy ek mei ús mar hy sil dochs wolris de frijheid temjitte moatte. Juster wie it knap waar, doe ha ’k him mei nei bûten nommen. Dat fûn er earst hiel frjemd en hy trille as in blêd oan ‘e beam. Hy bleau ek moai by my yn ‘e buert en neidat er in pear kear troch de tún flein hie, ha ’k him mar wer meinommen yn ‘e hûs.

piet bûten IMG_2979

Hjoed hat er wer nei bûten ta west en it gong al wat better mar hy bliuwt tichtby hûs. Doe’t ik de wask ophong, kaam er op de line sitten en letter ha ’k him wer yn ’e hûs setten. Ik hie it drok en Teunis ek en doe’t wy fuort moasten, koene we him nearne fine en we hearden him ek net. Teunis tocht dat poes Sjonny him opfretten hie, mar dy lei langút yn ‘e sinne. We binne mar fuortgien en doe’t ik nei in pear oeren thúskaam, wie er der noch net.

Ik gong nei bûten. Miskien wie er dochs fuortflein omdat de doar net goed ticht wie. Ik ropte him en ja! Hy pipe lûd en siet op in hok op de jachthaven. Doe’t er my seach, fleach er nei ús hûs en letter nei my ta. It is hiel in bysûnder bist en ik fiel my in echte in fûgelmem. Hy sil ea it nêst wol ferlitte, mar miskien bliuwt er ek wol yn ‘e buert. En as ik op ‘e dyk lûd om Piet rop, dan witte jimme no wa’t ik bedoel.

It bliuwt dochs je fûgel, hin.

hilda en piet

1 2 3 4 5 7  nei boppe ta