Boeken

Slangen ûnder it bêd

Slangen ûnder it bêd is in jeudgboek, skreaun nei in idee fan Henk de Vries. Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út ‘e naad om har werom te finen en sa komme se by Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.

 

Bestelle

Wyn fan de winners

Wyn fan de winners is it lêste diel fan de Wyn-trilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn ‘e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no’t se mem is en mei de Onnie’s yn it fermidden witte je noait hoe’t de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op ‘e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen.

 

Bestelle

Frisum Trilogy

Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda oer it doarp Frisum bondele.

It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy’t tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny.

Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei.

Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret.

Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy’t foar elk werkenber binne.

 

Bestelle

Wyn fan de wierhied

De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net ôf te kommen fan har eks-skoanfamylje en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op ‘e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ‘e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.

 

Bestelle

Wyn fan feroaring

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy ‘t sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan ‘e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.
Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy ‘t der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr ‘t se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.
It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op ‘e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: de foarstlike erfenis fan Hannes…

Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei ‘it brûs foar de kop’. Nei de Frisum-trilogy ‘De twadde hûd, Flammen en It Geloksbern’ en de roman Brekber is dit alwer it fyfde boek fan Hilda. Yn al har boeken stiet de minsk en de leafde sintraal.

“Skûtsjeromans, wienen dy der eins wol? Losse ferhalen dy ’t it skûtsjelibben fan sa ‘n 100 jier lyn in suver hast romantyske ynslach joegen wol, mar in sljochtweihinne leafdesferhaal, nee dat wie der net. Wyn fan Feroaring bringt dêr…..feroaring yn.

De nije roman fan Hilda Talsma is net allinnich mar in leafdesferhaal, it nimt ús mei yn in wrâld dy ’t foar in soad lêzers oars net bekend is as fan de radio en de tillefyzje. Simmer yn Fryslân en it Skûtsjesjoernaal fertelle ús wol fan de wedstriden, mar hoe giet it der no werklik yn dy silerij om en ta? Wat bart der oan board? Wat libbet der ûnder skippers en bemanning?

Sa as de spanning oprint foar de start fan de silerij, sa rint ek de spanning op yn Wyn fan Feroaring. Ate, de skipper en Johanna, syn nicht dy ’t syn adviseur is, sy moatte harren bemanning en omsittend laach besykje ta in ienheid te smeien. Mei harren skûtsje Alinde sile se mei by de IFKS. Dat is noch net samar klear, want mei noch mar in pear moanne foar de kompetysje is it skip oars net as in kasko. It moat noch opboud en betimmer wurde. Der moat treend wurde en lykas yn it echt binne der wolris komplikaasjes. Lykwols, se krije de Alinde wedstrydklear en sile mei.

Middenmank dit silerslibben spilet him ek noch it privélibben ôf fan Ate en Johanna. Dêr is it ek net altyd foar de wyn, mar moat ek lavearre wurde en is der ek wolris averij. Hilda Talsma hat al dizze fasetten treflik ferwurke yn in ferhaal dat je fan de earste wurden ôf yn de besnijïng hâldt!” (Martsje de Jong)

 

Bestelle

BREKBER

Sinne kin better mei hynders as minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy’t se al har hiele libben kin en letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har dan dat se him jaan kin.

As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr’t Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr’t se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp.

Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr’t se it nei har sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is derby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar de gefolgen. En dan komt se harsels goed tsjin. Mear lêze..

It Geloksbern

As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy’t noch net goed genêzen is. Elske besiket har op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim like rau en rûch as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôf hâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lyk as altyd, it feest. Mear lêze..

Flammen

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik. Betty sil dêr in grutte rol yn spylje en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Wisberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar it wurdt in ûnferjitlike dei. Yn mear as ien opsicht.

‘Krektlyk as it earste boek, hie ik ek dit …yn in sucht út. As Hilda op ‘e tekst is, dan fljochst yn it ferhaal mei. Gjin drege wurden, gjin ûnbegripelike lange sinnen, gjin mislearre pogingen om ‘literêr’ te wêzen. Nee, opnij in hearlik fuorthappend boek. It ferfolch op de Twadde Hûd, wêryn ‘t wy al yn ‘e kunde kamen mei Elske, Sjoerd, Lys, Peter en Ronny en noch in hanfol oare ynwenners fan it doarp Frisum. Allegearre doarpsfiguren, sa as wy se yn ús eigen doarpen ek mei de noas wol oanwize kinne. Pyt Prúkje, Betty Blubber, Durkje, om der mar in pear te neamen. Yn Flammen leare wy dizze minsken in stik better kennen. En dêr leit ek drekst al de grutte feroaring: wie it earste boek yn sekere sin noch wat flak, as it om de persoanaazjes giet, en wie it benammen inte op in hiele trits spannende saken dy ‘t elkoar yn rap tempo opfolgen, yn it twadde diel is der romte makke om de karakters út te djipjen. En foar wa’t no benaud is dat soks de snelheid fan it boek oantaast: nee. Dat is it knappe fan Flammen: der bart op syn minst like folle as yn De Twadde Hûd, mar wy begripe ek wêrom ‘t de minsken dogge, sa as se dogge. Prachtich. Fansels, as je kritysk binne: der bart mei in hiel pear persoanen mear yn in jier, as normaal yn in hiele doarpsmienskip yn in hiele generaasje. Mar wês no earlik: soene jo it boek noch leuk fine as der noch wit-ik-hoefolle oare persoanaazjes yn opfierd waarden en it boek 500 siden tsjûker wie, om genôch tiid tusken de ferskate barrens te kreëaren? Nee, fansels net. Dan wie it gewoan in saai boek. No is it pyklit om ferhipte fleurich fan te wurden. Is der dan ek noch wat mis? Ja. Diel trije is der noch net. Dat is der mis.’ Martsje de Jong

Mear lêze..

1 2  nei boppe ta