Media

‘Wyn fan de wierheid’ besprutsen troch Ernst Bruinsma

Wyn fan de wierheid is juster troch Ernst Bruinsma besprutsen yn it programma Op en Ut. Klik dizze link oan foar de útstjoering. It petear sit yn it tredde oere en begjint om 32.22.

Mear as 1000 boeken ferkocht!

hilda en willem w

Freed 2 oktober wie ik te gast by Willem Wâldpyk yn NoardewynLive. Fan ‘Wyn fan feroaring’ binne yntusken mear as 1000 boeken ferkocht en foar in Frysk boek prate we dan oer in bestseller! Ik wol myn lêzers betankje, ek foar alle leuke en leave reaksjes!

Klik dizze link oan om it filmke te besjen.

Kalm! It is mar in kollum…

simmer yn fryslân

Ferline wike belle immen fan de omrop mei de fraach oft ik ek trije wiken lang in kollum skriuwe woe foar de radio en ik moast him ek sels foarlêze.
Ehh … okee?? Allerhande tinzen skeaten troch my hinne en ik waard suver senuwêftich. Koe ik dat wol? Alle dagen eat betinke en dan ek noch foar de radio? Ik hie gjin idee mar ha al ‘ja’ sein. Dizze kâns koe ’k net lizze litte en it feit dat se oan my tochten fûn ’k al hiel bysûnder.

Eat skriuwe is ien, mar om dat foar te lêzen is bêst dreech. Ik skriuw fanút myn gefoel en sadree’t ik dat lûdop lês, bin ik mei it ferstân dwaande. It fielt frjemd en it is raar om jesels werom te hearren. Ik ha it no twa kear dien mar bin noch net tefreden. Ik wol der noch wat mear schwung oanjaan sûnder mysels te ferliezen of my oan te stellen. Ik ha hielendal gjin ûnderfining mei radio en nim mar fan my oan dat it net sa simpel is as it liket, mar dat is mei alles sa.

Ik bin de senuwen lokkich no wol de baas. De minsken fan de omrop binne hiel aardich en ik mei alles skriuwe as der mar in link is mei it skûtsjesilen. Ik sit alle dagen op it wetter, moaier kin hast net. Myn holle draait oeroeren mar de wurden komme oant no ta wol. Dit is myn Simmer yn Fryslân Aventoer en it sil ek wol wer goedkomme… oait.

Klik dizze link oan foar de side fan de omrop.

1 2 3 4 5 8  nei boppe ta