It Museum van Binnenút

LC 16-03-2015 FD 11-03-2015

It gearwurkingsprojekt mei de Nederlandse Kring van Tekenaars en Fryske skriuwers/dichters hat foar my persoanlik in moai projekt west. Ik wie koppele oan Godelieve Smulders en we hiene deselde ideeën. Godelieve kin mei in pear krêftige linen en faasje útbyldzje wat se sjocht en dêr hearde net in lang ferhaal by.

Minsken sjogge yn it museum nei deade bisten dy’t der libjend útsjogge wylst se faak thús in libjend bist hawwe dêr’t amper echt nei sjoen wurdt. Meastal is it allinnich en beheind yn in te lytse koai. Dêrtroch kin it net wêze hoe’t it werklik is. In minsk kin der ek prachtich útsjen oan ‘e bûtenkant wylst it gefoel dea is en se harren iensum fiele.

De útstalling yn it Frysk natoermuseum is oant 26 april te sjen en it boekje wat spesjaal foar dit projekt makke is, is allinnich dêr te keap foar € 5,-.

P1100602 Godelieve Smulders/Hilda Talsma

Sjoch ik dy of it deade bist yn my
Beheind yn myn emoasjes
Al soe gjinien dat sizze

Tinksto dat ik ferfold bin
Mei freugde of mei strie
Ferstive kin ik libje

Omdat ik op fakânsje wie doe’t de iepening fan de tentoanstelling wie, hat ús mem it foarlêzen. Klik dizze link oan om it filmke te sjen.