Frysk Spraakwetter foar Serious Request is goed foar € 5197,43!

spraakwetter glêzen hûs spraakwetter saailân 3
De aksje mei it Fryske Spraakwetter om jild op te heljen foar Serious Request hat mear as €5000,- euro oplevere! Inisjatyfnimster Jolanda Zwaagstra hat de cheque yn ‘e bus fan it glêzen hûs dien en wy binne grutsk op it resultaat. Fan 25 july ôf dwaande west om de 2000 fleskes wetter kwyt te reitsjen, hawwe wy mei in entûsjaste ploech de lêste, dik 400 fleskes, ferkocht op it Saailân.

Hjir is de klip fan it nûmer Spraakwetter, skreaun en spile troch Babalive!