Sutelaksje 2013!

sutelaksje fd
« Sneon 9 novimber wurdt der yn Bitgum en Bitgummole op de âlderwetske wize sutele mei Fryske boeken. Koartsein: de kroade komt wer oan ‘e doar. Moai yn ‘e oanrin nei Sinteklaas en Kryst. Yn ‘t foar krije jo in bryfke troch de doar mei in list fan de titels dy ‘t wy by ús ha sille. Yn ‘e kroade sels komt ek noch in yntekenlist, dat as wy net genôch ha, of it boek dat jo ha wolle sit der net by, dan kinne jo dat lykwols noch bestelle. En it wurdt in hiel bysûndere suteldei, want it binne de foaroansteande Fryke skriuwers sels dy ‘t by jo oan ‘e doar komme. Ferdinand de Jong, Hilda Talsma, Willem Schoorstra, Auck Peanstra, Elske Hindriks, Abe de Vries en noch folle mear: sy bringe jo de boeken thús en sinjeare se dêr ‘t jo by steane. Wy begjinne om kofjetiid moarns te rinnen, dat net te fier fan hûs, oars rinne jim ús mis! »