Oer Hilda

Nei ferskate skriuwkursussen, debutearre Hilda Talsma (1971) yn 2011 mei har earste roman De twadde hûd, mar se hat ek in grutte rol spile by it ta stân kommen fan it skûtsjeboek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s (2010). Dit wie in gearwurkingsferbân mei Klaas Jansma en Klaas Meeter. Har twadde roman Flammen kaam yn 2012 út en is in ferfolch op De twadde hûd. It Geloksbern (2013) is it lêste diel fan de Frisum-trilogy.

Yn dizze boeken wurdt in doarpslibben op in realistyske en rûge manier beskreaun. Har direkte en humoristyske styl fan skriuwen, yn sprektalich Frysk, meitsje dat de boeken flot en meisleepjend binne om te lêzen.

Berne op in doarp en har hiele libben wenne yn doarpen, wit se as gjin oar wat der him achter de ‘deeglike’ skermen fan in doarpsmienskip ôfspylje kin. Oerspul, drankmisbrûk, merke, romantyk, seks en leafde… alle yngrediïnten foar in spannend ferhaal.

‘Hilda Talsma hat mei De twadde hûd sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek Flammen giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in ferrassend slot.
It Geloksbern is de titel fan it tredde en lêste diel út de Frisum-Trilogy. Wa ’t earder in boek fan har lêzen hat, wit wat dat betsjut: wille, romantyk, seks en healewize sitewaasjes, dy ’t lykwols elk oerkomme kinne. Want dat is Hilda Talsma. Se nimt jo mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp as alle oare doarpen yn Fryslân. De minsken meie wol oer in fersetsje en as der dan in feest is, dan wolle de oars sa degelike maskers noch wolris foarwei gean en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat jout hilaryske sitewaasjes, mar ek pynlike mominten, dy ’t foar elk werkenber binne, ommers: soks bart rûnom. ’

BREKBER (2014) hat as tema de relaasjes tusken hynders en minsken. De haadpersoan, Sinne, kin better mei hynders as mei minsken en benammen op in gebiet fan de leafde wit se har gjin hâlding te jaan. It is wer in hearlike roman, ek foar minsken dy’t neat mei hynders ha.
Wyn fan feroaring (2015) is in skûtsjeroman. Troud mei in skipper hat se jierren ûnderfining opdien yn ‘e wrâld fan de skûtsjesilerij. It is in prachtige roman oer de leafde tusken minsken mar ek oer de leafde foar de skippen, de wyn en it wetter. De roman wie in grut súkses en yn 2016 hat de opfolger Wyn fan de wierheid it ljocht sjoen.

Op fersyk fan har lêzers is yn 2017 it lêste diel fan de Wyn-trilogy útkommen: Wyn fan de winners. En tagelyk mei dat boek is har earste jeugdboek Slangen ûnder it bêd ek útkommen, skreaun nei in idee fan Henk de Vries. It ferhaal giet oer Marte en Rienk. Nei in ferfelende sitewaasje yn Amsterdam, moetsje se dêr Justine. Sy lit harren in foto-album sjen mei foto’s fan har jeugd yn Suriname en Rienk sjocht op ien fan dy foto’s in skûtsje lizzen yn ‘e jungle. Marte en Rienk fleane mei har heiten nei Suriname en belibje dêr fanalles.

Yn 2013 is Hilda bestjoerslid wurden fan de stichting Tsjil. Mei kollegabestjoerders Jacob Stelwagen, Ferdinand de Jong, Daam de Vries en Martsje de Jong hawwe se yn 2013 besocht wer te suteljen mei boeken lâns de doaren yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It wie sa’n grut súkses dat se dat jier al mear as 20 súteldoarpen hiene.

bestjoer-tsjil
Bestjoer Tsjil: Martsje de Jong, Hilda Talsma, Daam de Vries, Jacob Stelwagen en Ferdinand de Jong. Sûnt 2016 wurdt der op ‘e nij sutele mei Fryske boeken. Stifting Tsjil is no Sutelaksje wurden.
Klik dizze link oan om op de facebookside te kommen.

Hilda is troud mei Jelle Talsma en se hawwe fjouwer bern; de trije soannen Fonger, Hylke en Teunis en dochter Rixt.