Prachtige reaksje fan in lêzer oer de Wyn-trilogy

Tip voor de liefhebbers van Friese boeken. Ik lees al jaren Friese boeken en ook al heb je geen enkele interesse in skûtsjesilen, dan verandert dit op slag door het lezen van deze boeken.

Nog nooit zo’n geweldige Friese trilogie gelezen, van Hilda Talsma. Het 1e boek Wyn fan feroaring, 2e boek Wyn fan de wierheid en 3e boek Wyn fan de winners.
Wat een schrijfster, een geweldige humor, meeslepend, verslavend, kortom uniek.
Verkrijgbaar of te reserveren bij de plaatselijke bieb.
Nu eerst maar even afkicken, hier kunnen weinig Friese boeken tegenop!!!

Tine Hoekstra

Premjêre ‘Yn dit lânskip leit myn libben’

Hjoed is de premjêre fan ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ op it Noordlijk Film Festival. Oan dizze dokumintêre, dy’t Halbe Piter Claus en Ismael Lotz yn opdracht fan Tresoar makke ha, spylje ik ek in rol, tegearre mei Hylke Speerstra en Huub Mous. Ik fûn it moai om hjir oan mei te wurkjen, wer in hiele nije ûnderfining.
Klik dizze link oan foar mear ynformaasje.

Foto’s makke troch Haye Bijlstra fan Tresoar.

Slangen ûnder it bêd

Slangen ûnder it bêd is in jeudgboek, skreaun nei in idee fan Henk de Vries. Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út ‘e naad om har werom te finen en sa komme se by Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.

 

Bestelle

Wyn fan de winners

Wyn fan de winners is it lêste diel fan de Wyn-trilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn ‘e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no’t se mem is en mei de Onnie’s yn it fermidden witte je noait hoe’t de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op ‘e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen.

 

Bestelle

1 2 3 4 20  nei boppe ta