Wyn fan de wierhied

De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net ôf te kommen fan har eks-skoanfamylje en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op ‘e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ‘e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.

 

Bestelle

Foarlêze

voorleesdagen2016

We sitte wer yn ‘e nasjonale foarlêsdagen want foarlêze is leuk! It is sa wichtich en goed foar de bern. As je it net dogge soene se ek noch tinke kinne dat je net in goede heit of mem binne dus as je dan bern hawwe dy’t dúdlik oanjouwe der gjin barst oan te finen dan hawwe je dochs wol in probleem.

Dat hiene wy dus ek. De âldste twa hawwe wy in soad foarlêzen en se hawwe letter sels ek noch in protte lêzen. Mar der kamen noch twa by en it foarlêzen waard in desyllúzje. Se makken fan it begjin ôf dúdlik dat in boek net har ding wie of der moasten gewoan plaatsjes fan kranen en auto’s yn stean. We hawwe de jonges wol op ‘e bank slepe moatten mar it waard altyd wer in drama. En omdat se op skoalle achter rûnen mei it lêzen moasten wy thús oefenje en ek dat wie in drama.

Ik ha sa faak mei de jonges nei de boekhannel west en dan mochten se in boekje útsykje. Dat diene se wol mar dat kaam noait wer út ‘e kast wei. Se hawwe jierren lang in boek op Sinteklaas krigen mar noait in side omslein. We binne der op in bepaald momint mar mei opholden en ik ha op skoalle sein dat it oefenjen thús gjin súkses wie. Bern dy’t neat oan boeken en lêzen fine en op skoalle achter rinne neffens de noarm, MOATTE lêze. It nivo moat omheech, it tempo is te leech mar leuk is it net en sa wurdt in boek in fijân.

Wy binne doe begûn mei foarlês cd’s en dat wie al in súkses. Sa hawwe se dochs moaie ferhalen te hearren krigen dêr’t se hearlik by yn sliep falle koene. Letter die bliken dat se beide dyslektysk binne mar dat wisten wy net doe’t se lytser wiene. No hat ien fan ús jonges in Davistraining hân wêrtoch’t er sels ek mear ynsicht krigen hat en it hat my ek mear dúdlikheid jûn.

Hie ’k it oerdwaan kinnen dan hie ‘k it oars dien. Earder myn eigen gefoel folgje en ophâlde te driuwen oer dat lêzen. Thús mar ek op skoalle. Uteinlik leare se it wol mar yn har eigen tempo. De wille fan it lêzen is der absolút net en dat fyn ik hiel spitich.

Azra

Foto's Ipad Hilda

Ik ha myn hiele libben al gek west mei bisten en wy hawwe altyd hunen hân. As bern al en doe’t wy yn Warten kamen te wenjen krigen wy in stabij, Bouke. In hiele leave hûn dêr’t ik alris in blog oer skreaun ha.

Mar ik woe ek sa graach nochris in Leonberger ha en doe’t ik by hiele aardige minsken om in knyn kaam, die bliken dat sy in Leonberger hiene dêr’t se mei fokke woene. Sadwaande is Azra yn ús libben kommen. In skattige pup, it wie krekt in bearke en se hat in hiele goede opfieding krigen fan Bouke. Hy lústere goed, dus Azra ek. Mar Bouke skoaide noait en Azra wol. Se wie gek op appels en siet altyd op it klokhús te wachtsjen.

Se waard grutter en grutter en it leafste lei se by dy op ‘e skoat of langút op de bank. It wie in skât fan in hûn, leaf foar de bern mar ek foar de oare bisten. Sa hawwe wy ris twa lytse poeskes yn ‘e berm fûn dêr’t se hiel goed op past hat. Us wouterke Bessie miende dat Azra har mem wie en lei altyd stiif tsjin har oan. We hawwe troch de jierren hinne ek ferskate lytse pykjes grutbrocht mar se hat noait myn fertrouwen beskamme.

Sûnt in jier hie se in groanyske ûntstekking oan har poat en de bistedokter hat doe twa teannen amputearje moatten. Se knapte wol wat op mar sadree’t we opholden mei de medisinen, krige se it wer. We hawwe fanalles besocht mar it waard allinnich mar minder en de lêste wiken gong se hiel hurd achterút. Dan komt der in momint dat je in dreech beslút nimme moatte. En se wie al 11 jier, foar sa’n grutte hûn in hiele âldens. We hawwe har thús ynsliepe litten. Se lei op har eigen kleed en ik siet neist har.

Ik mis har mar ik bin foaral tankber dat se salang by ús west hat! Azra wie mear as in hûn. Se wie ien en al leafde en ús grutte freondinne.

Gewoane mem

mem

Der stie fan’t wykein in stik yn ‘e krante oer de ‘ontploetermoeders’ dy’t in boek skreaun hawwe oer opfieden en dan foaral mei in soad humor. In skoftsje lyn seach ik eat op ‘e tillevyzje en dat gong wer oer in oar slach memmen. Dat wie in talkshow oer de striid tusken de ‘perfecte moeders’ en de ‘ontaarde moeders’. Se hawwe ek noch eigen facebooksiden en op it ynternet fûn ik in list mei wol 14 soarten memmen:

1. DE TMI MAMA (TOO-MUCH-INFORMATION)
2. DE MIJN-KIND-IS-GEWELDIG MAMA
3. DE WEET-HET-ALTIJD-BETER MAMA
4. DE ECO-MAMA
5. DE INSTA-MAMA
6. DE WORKAHOLIC MAMA
7. DE CHAOS MAMA
8. DE ALTIJD-ALLES-OP-ORDE MAMA
9. DE PERFECTE MAMA
10. DE HIPSTER MAMA
11. DE ONZICHTBARE MAMA
12. DE MERKVERSLAAFDE MAMA
13. DE NIET-ZO-ORIGINELE MAMA
14. DE OVERBEZORGDE MAMA

Ik soe der noch graach ien oan tafoegje wolle, nammentlik de gewoane mem.

In mem dy’t wit dat as it in soadsje is, je gewoan werris in slach troch de keet moatte. In mem dy’t gewoan har gong giet en akseptearret dat it hawwen fan bern in soad drokte tewei bringt, alle dagen wer en jierren lang! Rint se al tsjin problemen oan, dan is it fijn dat der in hiele soad ynformaasje te finen is dêr’t grif wol eat tusken sit dat se brûke kin mar se lêst net alle boeken oer opfieden omdat se har meastal sels wol rêdt troch har sûne ferstân te brûken en gewoan har gefoel te folgjen.

En fansels hat se ek wol ris skjin har nocht mar se docht gewoan har bêst, krekt as generaasjes foar har ek diene. Memmen dy’t yn lytse huzen in protte bern grutbrochten sûnder pampers, waskmasjine, auto en Aldi en dy binne oer it algemien ek goed telâne kommen.

En fierder is se gewoan ferskuorrende wiis mei har bern.

1 2 3 4 5 6 20  nei boppe ta