Frisum Trilogy

Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda oer it doarp Frisum bondele.

It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy’t tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny.

Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei.

Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret.

Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy’t foar elk werkenber binne.

 

Bestelle

Wyn fan de wierhied

De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net ôf te kommen fan har eks-skoanfamylje en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op ‘e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ‘e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.

 

Bestelle

Foarlêze

voorleesdagen2016

We sitte wer yn ‘e nasjonale foarlêsdagen want foarlêze is leuk! It is sa wichtich en goed foar de bern. As je it net dogge soene se ek noch tinke kinne dat je net in goede heit of mem binne dus as je dan bern hawwe dy’t dúdlik oanjouwe der gjin barst oan te finen dan hawwe je dochs wol in probleem.

Dat hiene wy dus ek. De âldste twa hawwe wy in soad foarlêzen en se hawwe letter sels ek noch in protte lêzen. Mar der kamen noch twa by en it foarlêzen waard in desyllúzje. Se makken fan it begjin ôf dúdlik dat in boek net har ding wie of der moasten gewoan plaatsjes fan kranen en auto’s yn stean. We hawwe de jonges wol op ‘e bank slepe moatten mar it waard altyd wer in drama. En omdat se op skoalle achter rûnen mei it lêzen moasten wy thús oefenje en ek dat wie in drama.

Ik ha sa faak mei de jonges nei de boekhannel west en dan mochten se in boekje útsykje. Dat diene se wol mar dat kaam noait wer út ‘e kast wei. Se hawwe jierren lang in boek op Sinteklaas krigen mar noait in side omslein. We binne der op in bepaald momint mar mei opholden en ik ha op skoalle sein dat it oefenjen thús gjin súkses wie. Bern dy’t neat oan boeken en lêzen fine en op skoalle achter rinne neffens de noarm, MOATTE lêze. It nivo moat omheech, it tempo is te leech mar leuk is it net en sa wurdt in boek in fijân.

Wy binne doe begûn mei foarlês cd’s en dat wie al in súkses. Sa hawwe se dochs moaie ferhalen te hearren krigen dêr’t se hearlik by yn sliep falle koene. Letter die bliken dat se beide dyslektysk binne mar dat wisten wy net doe’t se lytser wiene. No hat ien fan ús jonges in Davistraining hân wêrtoch’t er sels ek mear ynsicht krigen hat en it hat my ek mear dúdlikheid jûn.

Hie ’k it oerdwaan kinnen dan hie ‘k it oars dien. Earder myn eigen gefoel folgje en ophâlde te driuwen oer dat lêzen. Thús mar ek op skoalle. Uteinlik leare se it wol mar yn har eigen tempo. De wille fan it lêzen is der absolút net en dat fyn ik hiel spitich.

1 3 4 5 6 7 22  nei boppe ta