Skûtsjesilen

Jelle Talsma is werfbaas fan Scheepswerf Talsma en skipper fan it skûtsje De Jonge Jan. Se sile by de IFKS en it skûtsjesilen is in echte gesinssport wurden no’t al twa soannen, dochter en skoansoan bemanningslid binne. Skûtsjesilen is in Fryske tradysje en it is in foarrjocht om der oan mei te dwaan mei sa’n prachtich skip! Trije wiken lang stiet de simmer yn Fryslân yn it teken fan dizze sport en wurdt der striden om de ear, prizen en it kampioensskip. Dizze sport hat derfoar soarge dat in soad tradisjonele skûtsjes bewarre binne neidat se net langer foeren as frachtskip, sa ek De Jonge Jan út 1911.
Se binne yn 2007 begûn te skûtsjesilen en kampioen wurden yn ‘e C-klasse. Yn 2008 wie De Jonge Jan kampioen yn ‘e B-klasse en yn 2009 kampioen yn ‘e A-klasse! Dat is in útsûnderlike prestaasje en nea earder bard.
Klik dizze link oan om in filmke fan GPTV te sjen.
Klik dizze link oan om it filmke fan Omrop Fryslân te sjen.
Yn 2014 is De Jonge Jan wer kampioen wurden en yn 2016 is Fonger Talsma (de âldste soan fan Jelle en Hilda) skipper wurden. Hy moast wer yn ‘e C-klasse starte mar mei in twadde plak binne se promovearre nei de B-klasse. Yn 2017 is De Jonge Jan mei Fonger oan it roer kampioen yn ‘e B-klasse wurden!
Klik dizze link oan foar it skûtsjesjoernaal fan 4-8-2015, dêr’t Hilda fertelt oer har boek Wyn fan feroaring.
Klink dizze link oan foar it skûtsjesjoernaal fan 15-8-2016 mei Jelle, Hilda en Fonger
Klik dizze link oan foar it skûtsjesjoernaal fan 26 augustus 2017.

Hûndert jier skiednis fan dit prachtige skûtsje is beskreaun yn it boek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s, útbrocht by útjouwerij Penn.
Klik dizze link oan om it filmke fan GPTV te sjen.

En De Jonge Jan hat har eigen liet, útfierd troch Roekeleas.

 

skutsje     9789077948507